Ferbettering strannen Hege Gerzen en Murnzer Klif
Yn Gaasterlân sette heal juny wurksumheden útein oan de twa strannen fan it Murnzer Klif en de Hege Gerzen. By Hege Gerzen is dat fan 8 juny ôf en by Murns fan moandei 15 juny ôf. De strannen by de Hege Gerzen en it Murnzer Klif binne de ôfrûne jierren smeller wurden trochdat sân ferdwûn is troch wyn, streaming en golfslach (eroazje). Ut it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ) wei wurde de strannen oanfolle oan mei sân, sa wurde se wer better brûkber foar de rekreanten.
Murnzer Klif
Om it ôfbrokkeljen fan it strân by it Murnzer Klif werom te draaien sil sânsuppleesje tapast wurde. It part by de kitesurfers wurdt útgroeven en djipper makke, wat soarget foar bettere omstannichheden foar de kitesurfers. It sân dat dêrby frijkomt, wurdt brûkt om it rekreaasjediel fan de rest fan it strân te ferbetterjen. De al besteande daam soarget foar it yn stân hâlden fan it nije strân, sadat de eroazje fierder beheind bliuwt.
De wurksumheden duorje sa'n ien wike en fine plak fan moandei 15 o/m freed 19 juny. It strân is ûnder it wurk (tusken 7.00 en 16.00 oere) ôfsletten. Bûten dizze wurktiden is it strân wol tagonklik.
Hege Gerzen
Ek by de Hege Gerzen wurdt it sân op it strân wer oanfolle. Dêrby wurdt sân en stien fan de wâl ôf oanfierd en dêr wurdt it strân mei opknapt. By it oanfoljen wurde de hjoeddeistige kontoeren fan it strân oanhâlden. Dêrby wurdt oan beide kanten fan de besteande daam in better strân kreëarre foar rekreaasje, wêrby't genôch djipte foar swimmers behâlden bliuwt. Dêrneist wurdt der oan de westkant in lytse daam dellein om it sân fan it nije strân fêst te hâlden, sadat de eroazje beheind wurdt. De wurksumheden sette moandei 8 juny útein en binne foar de simmerfakânsje klear.
Versterken Friese IJsselmeerkust
Yn it projekt VFIJ wurkje oerheden en natuerorganisaasjes gear oan in sterke en feilige Iselmarkust, mei omtinken foar natuer, lânskip en rekreaasje. VFIJ wurket yn it projekt yn Gaasterlân gear mei de Provinsje Fryslân, de gemeente De Fryske Marren en It Fryske Gea. De wurksumheden wurde útfierd troch oannimmer Van der Meer Grondverzet Scharnegoutum.