Sille jo in evenemint of festiviteit op in farwei of mar organisearje?

Kêst 1.23 Binnenfeartplysjereglemint giet ûnder oare oer eveneminten, festiviteiten, tewetterlittingen fan skippen en proeffearten op it wetter.

Net altyd is in skriftlike tastimming mei betingsten nedich, yn guon gefallen is jo melding genôch. As jo evenemint, festiviteit, tewetterlitting of proeffeart mei in melding ôfdien wurde kin, dan krije jo in goedkarringsmailtsje dat jo melding yn goede oarder ûntfongen is en ynhâldlik ferwurke is. Oan in melding binne gjin leezjeskosten ferbûn.

De leezjeskosten foar in skriftlike tastimming foar in evenemint, festiviteit, tewetterlitting of proeffeart binne € 192,00 (taryf 2023).

Formulier eveneminten op it wetter 

Wêr moat ik om tinke, as myn evenemint, festiviteit, tewetterlitting of proeffeart op 'e wâl fan in farwei?

As jo njonken jo aktiviteit op it wetter ek gebrûk meitsje fan de wâlskant foar jo evenemint, dan moatte jo foar de ûnderdielen op 'e wâl in oanfraach dwaan by de gemeente dêr't it evenemint of festiviteit is.

Sille jo wurksumheden op in farwei of mar útfiere?

Kêst 1.23 Binnenfeartplysjereglemint giet ûnder oare oer it útfieren fan wurksumheden op in farwei. Net altyd is in skriftlike tastimming mei betingsten nedich, yn guon gefallen is jo melding genôch.

As jo wurk op it wetter mei in melding ôfdien wurde kin, dan krije jo in goedkarringsmailtsje dat jo melding yn goede oarder ûntfongen is en ynhâldlik ferwurke is. Oan in melding binne gjin leezjeskosten ferbûn.

De leezjeskosten foar in skriftlike tastimming foar it útfieren foar wurksumheden op in farwei of mar binne € 192,00 (taryf 2023).

Formulier wurksumheden op 'e farwei

As jo foar de wurksumheden in wurkskip / ponton brûke, dan kin it nedich wêze, dat jo foar dat skip of ponton in skipsûntheffing of -fergunning nedich hawwe.

Ik wol graach wat bouwe yn it wetter of op ‘e wâl fan in farwei of mar?

Mei it yngean fan de Omjouwingsoardering binne de provinsjale spulregels opnommen yn Haadstik 7 fan Omjouwingsoardering Fryslân.

Wolle jo bygelyks in boathûs of steger bouwe, ferwisbuorden oanbringe, mearpeallen pleatse om jo boat oan te lizzen? Wolle jo damwand pleatse of ferfange? Dan hawwe jo foar dizze aktiviteit in omjouwingsfergunning fan de provinsje nedich.

Farweibehear is oerheidssoarch foar iepenbier wetter. It is dus net fan belang by wa't it wetter of wâlskant yn eigendom is. Provinsje Fryslân hat farwegen oanwiisd en behearsônes oan beide kanten fan in farwei. Dat gebiet mei-inoar wurdt it beheiningsgebiet farwegen neamd. De Fryske marren hearre dêr ek by. Dat is ek it gebiet dêr 't in omjouwingsfergunning foar nedich is.

By de marren is de oeverstrook net oanwiisd as beheiningsgebiet.

Wolle jo bouwe yn wetter of grûn dêr 't jo net de eigener fan binne, dan is it wichtich om earst tastimming te freegjen oan de eigener.

Is it wetter of de grûn fan de provinsje, dan wurdt earst sjoen oft jo oanfraach fergund wurde kin. Provinsjale grûn en wetter kin net fergees brûkt wurde, dêrfoar moat altyd in hieroerienkomst ôfsletten wurde.

Sjoch ek ús side oer ferhier.

Wolle jo in oanfraach dwaan? Fia dizze link(eksterne keppeling) krije jo tagong ta it DSO, dêr 't oanfragen foar in omjouwingsfergunning yntsjinne wurde moatte.

Help nedich?

Jo kinne safolle tekst kwyt yn de ynfolfekken as jo nedich binne. As jo fragen hawwe of help nedich binne by it ynfoljen fan it formulier, dan kinne jo ek maile nei nautischezaken@fryslan.frl. Wy nimme dan sa gau mooglik kontakt mei jo op. Jo kinne ek belje mei ús klantkontaktsintrum op 058 -292 59 25.

Tink derom: in tastimming foar wurksumheden op it wetter wurdt ôfjûn yn ferbân mei de feiligens foar it ferkear op it wetter. Foar it (bou)wurk sels hawwe jo yn de measte gefallen ek noch in fergunning of ûntheffing nedich fan de gemeente, Wetterskip, FUMO en / of Rykswettersteat.

Tekst Binnenfeartplysjereglemint:

Artikel 1.23. Melden van en toestemming voor evenementen en andere gebeurtenissen 

  1. Het is verboden een sportevenement, een festiviteit of een ander evenement, waarbij een of meer schepen of drijvende voorwerpen zijn betrokken, dan wel een tewaterlating van een schip of een proefvaart met een schip of van een drijvend voorwerp of werkzaamheden op een vaarweg te doen plaats hebben zonder dit tijdig tevoren bij de bevoegde autoriteit te melden.
  2. Indien een gebeurtenis als bedoeld in het eerste lid de veiligheid of het vlotte verloop van de scheepvaart in gevaar kan brengen, is het verboden deze zonder toestemming van de bevoegde autoriteit te doen plaats hebben. Aan een toestemming kunnen voorschriften worden verbonden.
  3. Het is verboden een evenement, waarbij zich personen anders dan op een schip te water bevinden en waardoor hinder of gevaar voor het scheepvaartverkeer kan ontstaan, zonder toestemming van de bevoegde autoriteit te doen plaats hebben. Aan een toestemming kunnen voorschriften worden verbonden.