Yn ús provinsje fine in soad doarpsfeesten, braderyen, sportive eveneminten en festivals plak. Fryslân brûst! En dat is wat om grutsk op te wêzen. Eveneminten kinne effekt hawwe op de natuer en dan komme de regels oer natuerbeskerming yn de omjouwingstsjinst om 'e hoek sjen. Dêrom helpe we organisatoaren graach op wei om rekken te hâlden mei natuer by it organisearjen fan eveneminten.

Mensen met hun handen in de lucht met een lichtshow op de achtergrond

Evenemintesprekoere en kontakt

Hawwe jo in fraach oer jo evenemint? Of wurkje jo by in gemeente en wolle jo graach advys oer in evenemint? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Team Groene regelgeving fan de provinsje Fryslân. Jo kinne jo oanmelde foar it evenemintesprekoere. Dat kin troch te mailen nei wnb@fryslan.frl. Wy planne dan tegearre mei jo in bel-of digitale ôfspraak yn.

Ek as jo gjin gebrûk meitsje wolle fan it sprekoere, mar wol in fraach stelle wolle, kinne jo kontakt opnimme fia wnb@fryslan.frl of 058 - 292 89 95.

Foar algemiene fragen oer it evenemintebelied fan de provinsje Fryslân kinne jo ek efkes sjen by it Fraach- en antwurddokumint.

Brochure Natuerbeskerming en eveneminten

Yn dizze brosjuere fine jo ynformaasje oer natuerbeskerming. Ek fine jo ynformaasje oer hoe 't jo rekken hâlde kinne mei de natuer as jo in evenemint organisearje.

Beleidsregels – nije wurkwize

Foar bepaalde eveneminten jilde beliedsregels(eksterne keppeling). It giet om in wurkwize dy't derfoar soarget dat grutte komplekse eveneminteoanfragen - yn it ramt fan de Omjouwingswet - op tiid behannele wurde. Sa kinne wy meitinke wêr nedich en foarkomme dat in organisator fan in evenemint pas op it alderlêste momint wit oft de fergunningoanfraach goedkard is. Dat kin bygelyks it gefal wêze as der beswier tsjin de omjouwingsfergunning yn it kader fan natuerbeskerming makke wurdt. Dan moat dat beswier earst ôfhannele wurde en dat kostet ekstra tiid.

Koartsein betsjutte de beliedsregels dat fergunningsoanfragen foar grutte, komplekse eveneminten seis moanne foar de datum fan it evenemint binnen wêze moatte by de provinsje. Dit jildt allinnich foar grutte eveneminten dy't oan alle ûndersteande kritearia foldogge. It giet om eveneminten dy't:

  • mear as 2000 besikers deis lûke;
  • gebrûk meitsje fan fersterke lûd en keunstljocht;
  • mear deis binne;
  • trochgean yn de jûn (nei 18:00 oere) en
  • har yn of tichtby in Natura 2000-gebiet befine.

Mar in hiel lyts part fan de eveneminten yn Fryslân sil ûnder boppesteande beskriuwing falle. Foar oare eveneminten jildt dizze termyn fan seis moannen net. 

Oare fergunningen en tastimming

Foar it organisearjen fan in evenemint binne somtiden ek oare fergunningen nedich. Bygelyks in evenemente- of omjouwingsfergunning fan de gemeente. Dy kinne jo oanfreegje by de gemeente dêr't jo it evenemint organisearje. It is ek wichtich om tastimming te freegjen fan de eigener fan 'e grûn dêr't jo it evenemint op organisearje wolle. Dat kin in partikuliere eigener wêze, in gemeente en yn it gefal fan natuergrûn is dat faak ien fan de Fryske natuerbehearders: Steatsboskbehear, It Fryske Gea of Natuurmonumenten.

Feilich in evenemint organisearje

Ek feilichheid is wichtich by it organisearjen fan in evenemint. Dêrom is it ferstannich, en yn guon gefallen sels ferplichte om in feilichheidsplan op te stellen. Mear ynformaasje dêroer kinne jo krije by jo gemeente of fia de webside fan Veiligheidsregio Fryslân(eksterne keppeling).

In fergunning oanfreegje

Op de side Gebietsbeskerming fine jo de ynformaasje dy't jo nedich hawwe foar it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning foar in Natura 2000-aktiviteit. Hawwe jo hjir fragen oer? Nim dan kontakt op fia wnb@fryslan.frl of 058 - 292 89 95.

Beliedsregel natuer Fryslân 2024(eksterne keppeling)