Elektryske strânrolstuollen op Skylge

Op Skylge kinst sûnt dizze simmer wer mei in (elektryske) strânrolstoel it strân op. Foar in soad minsken mei in beheining is dat in winsk dy’t al lang libbe: wer de see rûke, de wyn fiele en écht op it strân te wêzen. Troch in inisjatyf fan de VVV Terschelling, eilânûndernimmers en de gemeente Skylge én mei help fan it Iepen Mienskipsfûns (IMF) is dy winsk no wer werklikheid wurden. Projektadviseur IMF fan streekkantoar de Waadeilannen, Edwin Zijlstra, fertelt hoe't dit bysûndere projekt ta stân kaam. “It IMF is der om ideeën fan ûnderen op krekt dát setsje te jaan dat nedich is,” seit er. “It giet altyd om leefberens: dat minsken nofliker libje kinne yn harren doarp, stêd en yn dit gefal op harren eilân.”

Wat is it Iepen Mienskipsfûns? 

It IMF is in fûns fan de provinsje Fryslân dat inisjativen út de mienskip stipet. Dat kin fariearje fan in lytse buertaktiviteit oant gruttere foarsjenningen. De projekten moatte de leefberens ferbetterje. In breed begryp, jout Edwin ta, mar wol werkenber: “It giet derom dat minsken earne noflik wenje en libje kinne. Dat kin fan alles wêze: kultuer, natuer, wolwêzen, moetingen of rekreaasje."

Wêrom nije strânrolstuollen?

De rop om nije strânrolstuollen kaam by de VVV yn. "Sy krigen hieltyd faker fragen fan toeristen én eilanners. Eartiids wiene der strânrolstuollen dy't mei de hân treaun wurde moasten, mar dy wiene ôfskreaun," fertelt Edwin. De VVV behelle dêrnei de gemeente Skylge en de strânpaviljoenhâlders derby. Dy binne hast it hiele jier iepen, dus dy kinne de rolstuollen beheare en útliene. Troch de gearwurking ûntstie maatwurk: elektryske rolstuollen foar plakken mei steile strânopgongen en gewoane strânrolstuollen foar flakke oergongen. Fansels mei spesjale tsjillen foar it strân én materiaal dat tsjin sâlt wetter kin. "It moaie is dat it ferlet echt út de ûndernimmers en bewenners sels wei kaam. Sa’n projekt fan ûnderen op past perfekt by it IMF."

Twee vrouwen zitten in een strandrolstoel en worden geduwd door twee mannen.
Foto: Michel Aaldering

IMF: de gongmakker dy’t oare partijen yn beweging set

It IMF finansieret meastal sa’n 30% fan in projekt. Dat klinkt faaks beskieden, mar it effekt is grut. “Us bydrage wurket as in gongmakker,” leit Edwin út. “As wy sizze: dit is in goed inisjatyf, dan doare oare fûnsen en de gemeente faak ek mei te dwaan. It jout betrouwen.” Njonken finansier is it IMF ek adviseur en ferbiner. Edwin: “Wy helpe inisjatyfnimmers om harren plan sterk(er) te meitsjen. Wy wize op fergunningoanfragen, de juridyske bepalingen, tinke mei oer de begrutting en ferwize nei oare fûnsen foar oanfoljende finansiering. Sa fergrutsje wy de kâns op sukses.”

Ynklusiviteit: ek bewenners fan De Stilen werom nei it strân

De strânrolstuollen binne net allinnich foar toeristen, eilânbewenners profitearje der likegoed fan. “Der wenje op Skylge fansels ek minsken dy't ôfhinklik binne fan in rolstoel,” seit Edwin.  “Bygelyks bewenners fan soarchsintrum De Stilen. It is prachtich dat sy no wer écht it strân op kinne. Dat hawwe se ôfgryslik mist."

Mear projekten op Skylge

It IMF makket, ek op Skylge, in grut ferskaat oan inisjativen mooglik. Sa kaam yn de bosk by Midsland-Noard in natuerboarterstún ta stân, folslein boud mei natuerlike materialen. Bern kinne der folop bûten boartsje en bewege, noflik foar sawol eilanners as besikers. “Twa miggen yn ien flap,” seit Edwin. Ek de betinking fan de ramp mei de loadsboat, hûndert jier lyn, krige troch it IMF in weardich plak. Mei in monumint op it tsjerkhôf en in seremoanje op see koene neibesteanden einlik stil stean by it ferlies. It lit sjen hoe't it IMF net allinnich praktyske foarsjenningen stipet, mar ek projekten dy't it eilân ferbine en it mienskiplike ferhaal libben hâlde.

Suksesfol gearwurkje

Hoe krijst al dy partijen byinoar? Edwin: “Troch it mienskiplike belang by in projekt yn te sjen, giet it gearwurkjen fansels. Je moatte inoar maklik fine kinne. Dêrom is it okkerdeis lansearre loket, stipe.frl, sa wichtich. As der in plan ynkomt dêr't bygelyks ek kultuer yn sit, heakje wy Keunstwurk oan. Sa komme wy kastke-muorre-gedoch foar. Koarte lyntsjes en wêr’t it nedich is maklik trochferwize yn ús eigen netwurk. Dat is noflik foar elkenien.” It entûsjasme fan ynwenners spilet ek in rol. In soad projekten wurde foar in part mei aksjes oanfoljend finansiere: oaljekoekeferkeap, crowdfunding of sponsoraktiviteiten. “Dat sterket de sosjale gearhing fuort. Minsken binne echt grutsk op it resultaat. Fan, foar en troch de mienskip. En in moaie byfangst: sa sjochst faak dat minsken grutsk binne op dat wat realisearre is en der dêrtroch suniger mei omgeane."

Ynspiraasje foar oare eilannen

De elektryske strânrolstuollen bliuwe net ûngemurken. Oare eilannen hawwe al ynteresse. "Op It Amelân tinke se bygelyks oan elektryske buggys foar ekskurzjes. Sa kinne minder mobile minsken dochs mei it gebiet yn. Je fernimme dat ynklusive rekreaasje hieltyd mear omtinken krijt, tige weardefol.”

Grutsk op de resultaten 

Foar Edwin bliuwt syn wurk bysûnder. “Wy sjogge hjir op de eilannen in soad belutsen minsken, fan begjinnende inisjatyfnimmers oant betûfte organisatoaren. It is tankber wurk om harren te helpen. En it moaiste momint bliuwt it einresultaat: ast sjochst hoefolle wille alle minsken deroan belibje."

Een oudere vrouw in een nieuwe strandrolstoel wordt geïnterviewd door een reporter van Terschelling TV.
Een screenshot uit de uitzending van Terschelling TV

Mei de nije elektryske strânrolstuollen lit Skylge sjen hoe't gearwurking, kreativiteit én in lyts triuwke fan de provinsje Fryslân grutte ympakt hawwe kinne. De see is wer foar elkenien berikber en dat fielt as wiere frijheid!