Ein wurksumheden Boalsert-West (N359) yn sicht
It wurk oan it krúspunt Boalsert-West komt syn ein tichterby. Begjin dizze wike is de ovonde iepensteld foar ferkear, nei’t it krúspunt goed trije wiken ôfsletten west hat. Oannimmer BAM wurket de kommende tiid noch oan de fytsûndertrochgongen.
It fytspaad bliuwt oant en mei 23 oktober ôfsletten fanwege de wurksumheden oan de fytsûndertrochgongen. Fytsers moatte foarearst noch in eintsje omfytse. Om fytsers in hert ûnder de riem te stekken, dielden de provinsje Fryslân, de gemeente Súdwest-Fryslân en oannimmer BAM appels út by it ôfsletten fytspaad. Noch even troch de soere apel hinne bite!

Ovonde wer iepen
Fan freed 3 july ôf wie it krúspunt by Boalsert-West ôfsletten foar al it ferkear. Oannimmer BAM hat yn goed trije wiken tiid de ovonde oanlein. Sûnt moandeitejûn 17 augustus is de ovonde wer iepensteld foar ferkear. De Harlingerstraat bliuwt foar trochgeand ferkear fan de ovonde ôf ôfsletten fanwege gemeentlike wurksumheden fierderop yn de strjitte.
Op freed 23 oktober geane de fytsûndertrochgongen iepen. It krúspunt is dêrnei noch ien wykein folslein ôfsletten foar trochgeand ferkear. Oannimmer BAM fiert dan de lêste ôfrûnjende wurksumheden út. Alle ynformaasje oer de lêste wurksumheden is te finen op www.fryslan.frl/bolswardwest.
