Gebietsûntwikkeling Dongeradielen
It projekt
Yn de Dongeradielen sakket de boaiem troch gaswinning fan de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM). Dy delgong hat neidielige effekten op de wetterhúshâlding en de lânbou yn it gebiet. By de gebietsûntwikkeling Dongeradielen sykje wy yn ‘e mande mei de streek nei oplossings foar dy skea. Dat is de kearnopjefte fan it projekt. De NAM draacht de kosten dêrfan.
Dêrneist ûndersykje wy oft der yn it gebiet oare opjeften, kânsen of winsken binne dy't wy meinimme kinne. Bygelyks op it mêd fan natuer, lânskip of klimaat. Dêrby is it fan belang dat dy yn gearhing mei de kearnopjefte realisearre wurde kinne. As der genôch draachflak en finansiering foar is, kinne wy dy ekstra opjeften, kânsen of winsken yn it plan opnimme.
De gebietskommisje sil in gebietsplan meitsje. Yn dat plan wurde de opjeften, kânsen en winsken yn konkrete maatregels útwurke. Bygelyks maatregels om it ferlies oan wetterberging troch boaiemdelgong te kompensearjen.
De gebietskommisje makket it gebietsplan yn ‘e mande mei de streek. Yn iepenbiere ynformaasjegearkomsten presintearret de gebietskommisje syn útstellen. Mei de reaksjes giet de kommisje oan ’e slach en fertelt op in folgjende gearkomste wat der mei dien is. Sa hat elkenien de gelegenheid om mei te tinken en is dúdlik hokker ôfwagings de gebietskommisje makke hat.
Ynformaasjegearkomste oer boaiemdelgong troch gaswinning
Op tongersdeitejûn 25 maaie 2023 hat de gebietskommisje Dongeradielen in gearkomste organisearre yn MFA De Dobbe yn Eanjum. De Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) hat dêr in taljochting jûn op boaiemdelgong troch gaswinning. It Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) is dêrnei yngien op har rol hjirby as ûnôfhinklik tafersjochhâlder.
Yn it twadde part fan de jûn koene de oanwêzigen oan ‘tafels’ fragen stelle oan saakkundigen fan de NAM, SodM, Commissie Mijnbouwschade en Wetterskip Fryslân. Hoewol't de gebietskommisje Dongeradielen net wurket oan plannen om skea oan gebouwen te fergoedzjen, wie de Commissie Mijnbouwschade wol oanwêzich om mooglike fragen hjiroer te beäntwurdzjen.
It plangebiet
Op it kaartsje hjirûnder is de prognoaze werjûn fan de totale boaiemdelgong yn 2050 (blauwe linen). Troch dy boaiemdelgong ûntstiet skea oan it wettersysteem Dongeradielen. De grinzen fan it wettersysteem foarmje dêrom de grinzen fan it projektgebiet (swarte line) dêr't wy yn oan 'e slach geane.
Organisaasje
De provinsje Fryslân is de opdrachtjouwer fan de gebietsûntwikkeling Dongeradielen. Dêrfoar hat se in Gebietskommisje oansteld. Dêr sitte fertsjintwurdigers yn út de streek, de oanbelangjende oerheden en de Commissie Bodemdaling Aardgaswinning Fryslân(externe link)(eksterne keppeling) (agindalid).
De Gebietskommisje krijt stipe fan de amtlike projektorganisaasje dy't karren tariedt, ûndersyk docht en plannen útwurket.
De gebietskommisje Dongeradielen bestiet út de neikommende persoanen:
- Marga Waanders (onafhankelijk voorzitter)
- Jouke Eppinga (secretaris)
- Douwe Anema (namens Nederlandse Akkerbouw Vakbond)
- Jelle Arjaans (namens natuur- en landschapsorganisaties)
- Pieter Braaksma (namens gemeente Noardeast-Fryslân)
- Jelle van der Galiën (namens LTO Noord)
- Gerben de Boer (namens Wetterskip Fryslân)
- Pyt Sipma (namens Agrarisch Collectief Waadrâne)
- Harm Wiegersma (namens Nederlandse Melkveehouders Vakbond)
- Klaas Arie Beks (agendalid, namens Commissie Bodemdaling Aardgaswinning Fryslân)
Planning
Yn de Ferkenningsfaze hat in brede oriïntaasje west op de opjefte. Dy wie yn july 2022 klear. It resultaat dêrfan kinne jo fine ûnder it kopke Dokuminten. It projekt sit no yn de Planfaze.
Yn 2023 wurdt wurke oan in konsept-ûntwerpgebietsplan. Dêr steane yn konsept de maatregels yn om de skea oan it wettersysteem op te knappen of te kompensearjen. Plus eventueel oare maatregels dêr't jild en foldwaande draachflak foar is.
Yn 2020 -2025 wurdt it konsept-ûntwerpgebietsplan útwurke nei in definityf gebietsplan. Ek hjir wurdt de streek by behelle. Oer it ûntwerp-gebietsplan kinne sjenswizen yntsjinne wurde. Deputearre Steaten fan de Provinsje stelt it gebietsplan fêst.
Yn 2025 begjint de útfieringsfaze. De maatregels yn it gebietsplan wurde technysk útwurke en prosedueres wurde trochrûn, lykas fergunnings en eventueel kavelruil. De maatregels wurde (yn fazen) útfierd.

Kontaktynformaasje
Hawwe jo fragen oer gebietsûntwikkeling Dongeradielen? Dan kinne jo de provinsje Fryslân telefoanysk berikke op telefoannûmer 058 - 292 59 25, of in mail stjoere nei provincie@fryslan.frl.
Wolle jo op 'e hichte bliuwe? Dan kinne jo jo fia ûndersteande button oanmelde foar de nijsbrief.