Dockinga College wint foarronde Fryslân fan 'de stem van Jong Nederland'

It Dockinga College fan Dokkum hat de Fryske foarronde fan De Stem fan Jong Nederlân wûn. De priis foar de bêste speech gie nei Maaike fan it CSG Liudger Raai út Drachten. De winners fan de foarronde meitsje kâns op in plak yn de lanlike finale, dy't yn april hâlden wurdt yn Rotterdam.

De Stem van Jong Nederland is it grutste debat- en speechprojekt fan Nederlân. Sa'n 200 middelbere skoallen út alle provinsjes dogge mei oan de foarrondes dy't plakfine tusken jannewaris en maart 2026. Sawat 2.000 skoalbern krije hjir de kâns om te oefenjen mei debattearjen en speechen.

Oan de foarronde yn it provinsjehûs diene 4 skoallen mei. De dei waard iepene troch deputearre De Vries. It team fan it Dockinga College wûn de foarronde fanwege harren sterke teamwork, goede persoanlike foarbylden en stevige ûnderbouwing. It team wint dêrmei in plak yn de achtste finale op 13 maart oansteande. De twadde priis wie foar it CSG Comenius – Marienburg út Ljouwert. Ek de winner fan de speechwedstriid giet troch yn it lanlike trajekt, en makket kâns op de priis foar de bêste speech fan Nederlân. 

De Stem van Jong Nederland komt fuort út de grutste debat - en speechwedstriid fan Nederlân, Op weg naar Het Lagerhuis, en jout jongerein yn hiel Nederlân in poadium om harren stim hearre te litten. It projekt is ôfrûne hjerst feestlik lansearre yn Den Haag.

Een groep jongeren staan in de Statenzaal te juichen.

Oer de organisaasje

is in projekt fan Het Debatbureau en Stichting Jongerendebat en Samenleving. Alle Nederlânske provinsjes binne partner yn it projekt: Yn eltse provinsje is der in foarronde op it provinsjehûs, mei in ekstra dei yn de provinsjes Gelderlân, Noard-Hollân en Súd-Hollân. It projekt wurdt mei-finansiere troch de Europeeske Uny en Vfonds.