Deputearre Steaten lizze nije Omjouwingsfisy foar oan Provinsjale Steaten.

It kolleezje fan Deputearre Steaten leit de nije Provinsjale Omjouwingsfisy (POVI) foar oan Provinsjale Steaten.

Yn dy fyzje stiet hoe't de provinsje oant 2050 omgean wol mei de romte yn Fryslân. De opjeften binne grut. Fan it wenningtekoart en de enerzjytransysje oant it stikstoffraachstik en in feroarjend klimaat. Der is net genôch romte om alles in plak te jaan. Net alles kin oeral. Dêrom makket de provinsje yn dizze fyzje karren. 

Alle ynformaasje en dokuminten binne hjir beskikber:

Provinsjale Omjouwingsfisy

Bovenaanzicht weilanden waar wegen doorheen lopen en enkele windmolens staan.
Foto: Binne-Louw Katsma