Demo Uienteelt yn Makkum
Teler Siep Oostenveld fan Makkum hold 24 july syn demo foar buorlju en kollega-telers. Syn eksperimint Siepels Sûnder hâldt yn dat Oostenveld sûnder gewaaksbeskermongsmiddels op in mear regenerative wize sjen wol te telen.
Dêrby wurdt er troch eksperts bystien, sawol fanút regeneratyf tinkguod Oane Galema, as de gongbere kant Agrifirm. Ek in eks-bio-bolleteler út Noard-Hollân krekt oer de Ofslútdyk skode oan mei de buorlju. De lêsten wiene wol te sprekken oer dat der mei minder middels eksperimintearre wurdt, omdat se direkt oan de fjilden wenje.
Al mei al in slagge demo mei hiel fariearre fragen en dielnimmers. De resultaten wurde ein 2025 rapportearre, wêryn't opnommen wat de miljeuwinst wie neffens de referinsje, in gongber teeld fjild mei sipels.
