Demo kweke fan âld nôtwaaks en poatierappels yn Sint-Jabik

Jonge teler Wassenaar tegearre mei syn 'mentor' Hoekstra holden 30 july de demo foar omwenners, kollegatelers en ynteressearren yn it gebiet fan Sint-Jabik. Harren eksperimint giet deselde teelten as ferline jier, nammentlik sûnder middels it telen fan in âld nôtwaaks (Khorasan tarwe), en in âld soarte fan drûge beane. 

Fierder it telen fan poatierappels wêrby't de luisdruk te liif gien wurdt mei de ynset fan in hiel krekte laser. It NAK hâldt foar harren de lusen yn en op basis dêrfan beslist te teler wat (fierder noch) te dwaan. In oare laser waard by de beane ynset tsjin Strjitte en lús. Tsjin de fûgels holp dy spitigernôch net mar gruttere bisten bleaune fuort, lykas lús. Fan'e Khorasan weet wurdt lokaal bôle bakt, troch in befreone bakker. 

De tylt fan de weet sûnder middels freget fakmanskip yn de oanpak fan it fjild, de tariedings dêrfan, de presisy fan de siedderij en de mominten fan behear, lykas eggen. De rapportaazje komt noch, mar de opbringsten wiene wol goed, wat de weet en de poatierappels oanbelanget. Foar de beantsjes wie dat noch ôfwachtsjen mar ek dêr foel de skea fan fûgels úteinlik ta.

Een aantal mensen staan in een schuur te overleggen.