Dei fan de stêd fiert tsiende edysje mei jubileumprogramma yn Fryslân
Fryslân is yn oktober 2026 gastprovinsje fan de tsiende edysje fan de Dei fan de Stêd. Yn dit kongres komme professionals út hiel Nederlân gear om te wurkjen oan de takomst fan stêden en regio’s. Foar dizze jubileumedysje wurde mear as 1000 dielnimmers ferwachte, wêrûnder beliedsmakkers, ûntwerpers en stedsmakkers. Ek fynt parallel in bestjoerdersprogramma plak mei goed 100 bestjoerders út it hiele lân. Foar it earst bestiet it kongres út twa dagen.
Fryslân as praktyk foar stedske en regionale opjeften
It tema fan dizze edysje is 'Identiteit yn beweging', in fraachstik dat spilet yn elke stêd en regio. Hoe ûntwikkelje je in gebiet dat fernijen bliuwt en tagelyk werkenber bliuwt? Fryslân foarmet dêrfoar it dekôr. De provinsje lit sjen hoe't stedske fraachstikken hjir altyd yn gearhing mei de regio oppakt wurde. De skaal, de koarte linen en de wize fan gearwurkjen soargje derfoar dat ideeën flugger ta útfiering komme. Dat makket Fryslân nijsgjirrich foar professionals út hiel Nederlân dy't sykje nei nije wizen om mei komplekse opjeften om te gean. Mei de komst fan de Dei fan de Stêd krijt Fryslân de kâns om dy oanpak sichtber te meitsjen. Tagelyk bringt it kongres nije kennis, netwurken en perspektiven nei de provinsje.
Blik op it programma
De jubileumedysje beslacht twa dagen yn stee fan ien. De earste dei stiet yn it ramt fan ekskurzjes yn de regio, dêr't dielnimmers op 'en paad gean mei lokale inisjativen en projekten yn ûnder oare It Hearrenfean, Snits (Súdwest-Fryslân) en Drachten (Smellingerlân). Op'e jûn wurdt yn Ljouwert de Nacht van de Stad holden mei in ynformeel programma. De twadde kongresdei fynt plak yn de provinsjehaadstêd en biedt in breed ynhâldlik programma mei lêzingen, petearen en workshops oer aktuele tema’s lykas mobiliteit, gebietsûntwikkeling, fitale binnenstêden en ynnovaasje. Under de sprekkers binne ûnder oaren boargemaster Sybrand van Haersma Buma, keunstner Bruno Doedens, skriuwer Anne-Goaitske Breteler en tinker Marco te Brömmelstroet. Ek leverje ûnder mear sjongeres, songwriter en teätermakker Nynke Laverman en makker, presintator en skriuwer Lucas de Man in bydrage oan it programma.
Samike ynset
De komst fan it kongres is it resultaat fan in mienskiplike ynspanning fan provinsje en de F 4 gemeenten (Ljouwert, Súdwest-Fryslân, Hearrenfean en Smellingerlân) dy't dêryn mei-inoar oplûke mei Merk Fryslân. Mei dy gearwurking helje sy ien fan de wichtichste lanlike kongressen oer stedske en regionale ûntwikkeling nei it noarden. Dêrmei litte se sjen hoe't der yn Fryslân gearwurke wurdt oan stedske en regionale fraachstikken, en hoe't dy gearwurking bydraacht oan fernijende oplossings.
Quote deputearre Sijbe Knol út namme fan alle belutsenen
“De grutte opjeften fan dizze tiid hâlde net op by gemeentegrinzen. Yn Fryslân pakke wy dy op troch nau gear te wurkjen: oerheden, mienskippen en partners yn de regio. Dat wy de Dag van de Stad hjir ûntfange, jout ús de kâns om te ynspirearjen en te learen fan elkoar. Us stêden hawwe in grut fersoargingsgebiet, en spylje sa in essinsjele rol yn de fitaliteit en leefberens fan hiel Fryslân”
De Dei fan de Stêd wurdt organisearre troch it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en komt fuort út it programma Agenda Stad. De jubileumedysje yn Fryslân fynt plak op woansdei 28 en tongersdei 29 oktober 2026. De ynskriuwing foar it kongres set yn juny útein. De kommende perioade wurdt wurke oan it programma en de organisaasje.