Dei fan de Kofje: Wy binne wiis mei ús Barista Jos

Dêr is Jos, ús barista sûnt febrewaris 2023, it hielendal mei iens. Noch foardat er syn wurkdei by ús begjint, hat er thús al in swart bakje treast of in stevige espresso efter de kiezzen. "Tradysje", seit er, " ek op fakânsje of ûnderweis, foar my giet der net in dei foarby sûnder kofje te drinken. ' Kofje is foar Jos folle mear as allinnich in drankje, it is in momint fan ferbining.

Keuzestress

Fiif dagen yn'e wike is Jos fan 7.40 oere ôf al yn't spier: masines opstarte, de foarrieden tsjekke, de bar netsjes ynrjochtsje; alles moat klopje. Want fan 08.00 ôf wurdt it drok yn syn kofjebar yn ús provinsjehûs. Spitsuur, de bestellingen fleane om syn earen: fan cappuccino’s, latte macchiatos, flat white, munt - en gembertee, oant chai tea en fansels ûntbrekke de populêre farianten mei amaretto- of karamelsiroop net (sûnder alkohol fansels!). Yn trochsneed betsjinnet er sa'n 150 kollega's en gasten deis en dat docht er altyd mei in glimk en in freonlik wurdsje foar elkenien. 

Jos wit meastal wa't wat drinkt, mar hy lit elkenien dochs sels kieze foar it gefal dat se ris wat oars besykje wolle. "Soms hebben mensen een beetje keuzestress door alle lekkere opties," seit Jos laitsjend en mei in knypeach.

In bakje by Jos: mear as allinne kofje 

Wat makket syn kofjebar ta sa'n sukses? Jos hoecht der net lang oer nei te tinken: ' Jezelf zijn, de ander écht zien en horen, oprecht contact maken, een fijne sfeer én goede koffie schenken. Alles moat kloppen, het is in totaalconcept.’ De kofjebar yn de sintrale hal fan ús provinsjehûs is in plak dêr ’t kollega's en besikers harren wolkom fiele. Dêr't in latte méar is as wat molke en espresso. Dêr't in praatsje en kontakt krekt sa wichtich binne as de perfekte skûmlaach fan dyn cappuccino mei it pompeblêd fan kakao. 

As er sels earne oars kofjedrinkt, docht er altyd stikem oan in 'ferlykjend ware-ûndersyk', glimket Jos. En syn oardiel hoe't wy dan út de test komme? ‘ Us kofje hjir is écht top: Douwe Egberts beane, in goede smaakbelibbing én oandacht foar it momint meitsje it ferskil. ’

Spreuk op in kofjekopke? 

As we Jos freegje wat in passende kwote op syn kofjekopkes wêze kinne soe, seit er laitsjend: 'net eamelje foar de kofje'. Typysk Jos: grappich, nochter en rjocht út syn Fryske hert.

Op dizze Dei fan de Koffy sette we Jos graach yn it sintsje. Hy is mear as in barista: hy is ien fan ús ambassadeurs fan de gastfrijheid by de provinsje Fryslân. Dus mochtst hjoed noch gjin bakky helle hawwe... Do witst wêr ' tst wêze moatst!

Mei dy(n kofje) noch sterker!