De Pein iepenet nije kuierpaden en lit yn ‘e mande mei gemeente en provinsje de krêft fan DOM sjen

Mei de iepening fan nije kuierpaden en it dielen fan takomstplannen hat De Pein hjoed yn ‘e mande mei de gemeente Smellingerlân en de provinsje Fryslân sjen litten hoe't gearwurking bydrage kin oan in leefber en takomstbestindich doarp. By de gearkomste waard ek foarútsjoen op de fernijde DOM-regeling fan de provinsje Fryslân, dy't dizze hjerst iepensteld wurdt. 

De nije kuierpaden foarmje letterlik in ferbining tusken De Pein en de omjouwing en regio. Tagelyk symbolisearje sy de wize wêrop't it doarp wurket oan har takomst: út de mienskip wei, yn ferbining mei ynwenners, omlizzende doarpen en oerheden. 

Takomstplannen

Op de gearkomste presintearre De Pein har takomstplannen en liet it doarp sjen hoe't de DOM-gearwurkingsmetoade dêrby fan mearwearde is. Binnen dy oanpak wurkje ynwenners mei help fan in ûnôfhinklike ferbiner gear mei gemeente en provinsje as lykweardige partners oan oplossings foar fraachstikken oangeande leefberens, foarsjennings en de takomst fan it doarp. Mink Visser, foarsitter Doarpsbelang De Pein: “De nije kuierpaden litte sjen wêr’t De Pein foar stiet; ‘ferbining’.  Net allinnich mei it lânskip en de regio, mar ek mei elkoar. Ut dy ferbining wei wurkje wy oan ús takomstplannen en ûnderfine wy hoe't de DOM-oanpak helpt om ideeën fierder te bringen.” 

Fernijde DOM-regeling 

De Pein jildt dêrby as in praktykfoarbyld fan de DOM-wurkwize, dy't al mear as tsien jier yn Fryslân tapast wurdt. Troch mei-inoar ferantwurdlikheid te nimmen en ideeën út it doarp wei sintraal te stellen, ûntsteane plannen dy't oanslute by de winsken en it ferlet fan de mienskip. De gearkomste foarme ek in oankundiging foar de fernijde DOM-regeling fan Provinsje Fryslân, dy't nei ferwachting dizze hjerst iepensteld wurdt. De regeling bout fierder op eardere ûnderfiningen en evaluaasjes en slút oan by de provinsjale ambysje om leefberens yn Fryslân fierder te fersterkjen. De provinsje Fryslân nûget gemeenten út om alfêst nei te tinken oer hoe’t de DOM-oanpak binnen harren eigen gemeente bydrage kin oan leefberens en gearwurking. 

Nij yn de regeling is dat net allinnich stipe foar planfoarming sintraal stiet, mar ek mei klam omtinken is foar it útfieren fan plannen. Dêrneist ferskoot de fokus sterker nei foarsjennings en gearwurking tusken doarpen. “Goede ideeën binne der yn ús doarpen by ‘t soad. Somtiden is it nedich om dizze plannen ek fierder te helpen mei kennis en middels. De fernijde DOM-regeling (rûchwei 3 miljoen euro) is ûnderweis en sil yn line brocht wurde mei ús belied. Wy sille as provinsje benammen sitte op it oanjeien fan gearwurking tusken doarpen en dêrmei dat foarsjenningen foar elkenien berikber bliuwe. De Pein lit hjoed mar wer sjen dat at je de lapen gearsmite in protte mooglik is,” seit deputearre Sijbe Knol. 

De fernijde DOM-regeling stimulearret gearwurking tusken doarpen en it tûk bondeljen en dielen fan foarsjennings. Dêrmei markearre de gearkomste yn De Pein net allinnich in nij haadstik foar it doarp sels, mar ek in folgjende stap yn de fierdere ûntwikkeling fan de DOM-oanpak yn Fryslân. Wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier fan de gemeente Smellingerlân: “Yn Smellingerlân fine wy sterke en leefbere doarpen wichtich. Goede foarsjennings binnen dêrfoar essinsjeel. De krêft fan leefberens sit ek yn gearwurking. Wannear’t doarp, gemeente en provinsje mei-inoar wurkje oan plannen dy’t út de mienskip sels komme, ûntsteane oplossingen dy’t passe by de omjouwing en breed droegen wurdt.”

Wat is de DOM-metoade 

De Dorps Ontwikkeling Methode (DOM) is in gearwurkingsmetoade dy’t doarpen en gemeenten yn steat stelt om lykweardich, struktureel en effektyf te bouwen oan libbensgelok. De DOM-metoade rjochtet him op it stypjen fan it proses fan gearwurkjen. It is in proses fan ko-kreaasje en yntegrale doarpsûntwikkeling.

v.l.n.r. Jan Pieksma (Dorpsbelang Opeinde en DOM-werkgroep), Geke van Boekel-Bergsma (DOM-werkgroep), Willem de Boer (Dorpsbelang Opeinde en DOM-werkgroep), Mink Visser (voorzitter Dorpsbelang Opeinde en DOM-werkgroepen), Robin Hartogh Heys van de Lier (wethouder gemeente Smallingerland), Laurens Reitsma (DOM-werkgroep) en Jan Rodenhuis (DOM-verbinder).
V.l.n.r. Jan Pieksma (Dorpsbelang Opeinde en DOM-werkgroep), Geke van Boekel-Bergsma (DOM-werkgroep), Willem de Boer (Dorpsbelang Opeinde en DOM-werkgroep), Mink Visser (voorzitter Dorpsbelang Opeinde en DOM-werkgroepen), Robin Hartogh Heys van de Lier (wethouder gemeente Smallingerland), Laurens Reitsma (DOM-werkgroep) en Jan Rodenhuis (DOM-verbinder).