Bydrageregeling Súdwesthoeke

Foar it gebiet Súdwesthoeke is in bydrageregeling fêststeld. In bydrageregeling is in subsydzjeregeling spesifyk foar publykrjochtlike rjochtspersoanen, of oerheden. Dat betsjut dat partikulieren, ûndernimmingen of oare rjochtspersoanen net oanfreegje kinne. Foar elk tema of ûnderwerp sil in iepenstellingsbeslút fêststeld wurde dêr't spesifyk yn regele wurdt oan wat foar ûntwikkelings en aktiviteiten de provinsje bydraacht. Oare oerheden kinne dêrnei in oanfraach foar in bydrage dwaan.

Bydrageregeling Súdwesthoeke - Iepenstelling Fryske Iselmarkust 

Doel en doelgroep

Fan 4 maaie 2026 ôf kin in bydrage oanfrege wurde foar inisjativen dy't bydrage oan de brede wolfeart yn de Súdwesthoeke. In bydrage kin allinnich jûn wurde oan út krêft fan publykrjocht ynstelde rjochtspersoanen. De bydrage berint maksimaal 100% fan de bydraachbere kosten. Oanfragen foar in bydrage wurde beoardiele troch de Stjoergroep SWH. Jo kinne jo oanfraach yntsjinje wannear't dy beselskippe giet troch in ynterbestjoerlik akkoart fan dy stjoergroep, neffens it format yn taheakke 1 by it Openstellingsbesluit Bijdrageregeling Súdwesthoeke - Friese IJsselmeerkust | Lokale wet- en regelgeving.

Iepenstelling

De bydrageregeling Súdwesthoeke – Fryske Iselmarkust stiet iepen foar it yntsjinjen fan oanfragen fan 4 maaie 2026 oant en mei 31 desimber 2031. 

Budzjet iepenstelling 

It bydrageplafond is steld op € 12.000.000,-. 

Oanfreegje

Jo kinne jo oanfraach yntsjinje fia ûndersteande knop.

Oanfraach yntsjinje

Bydrageregeling Súdwesthoeke – Iepenstelling Tsjûkemar en Nannewiid 

Doel en doelgroep

Fan 4 maaie 2026 ôf kin in bydrage oanfrege wurde foar maatskiplike inisjativen yn it gebiet Tsjûkemar en Nannewiid. In bydrage kin allinnich jûn wurde foar aktiviteiten dy't bydrage oan ferbettering fan de brede wolfeart yn de Súdwesthoeke en dy't opnommen binne yn bylage 1 fan it folgjende iepenstellingsbeslút: Openstellingsbesluit Bijdrageregeling Súdwesthoeke – Tsjûkemar en Nannewiid. In bydrage kin allinnich jûn wurde oan út krêft fan publykrjocht ynstelde rjochtspersoanen. De bydrage berint maksimaal 100% fan de bydraachbere kosten.

Iepenstelling

De bydrageregeling Súdwesthoeke – Tjsûkemar stiet iepen foar yndiening fan oanfragen fan 4 maaie 2026 oant en mei 31 desimber 2026. 

Budzjet iepenstelling 

It bydrageplafond is steld op € 950.000,-, wêrfan € 130.000,- ûnder ûntbinende betingst dat Provinsjale Steaten beslút om dit bedrach ta te heakjen oan it beskikbere budzjet en plafond by behanneling fan de bestjoersrapportaazje, op 23 septimber 2026. 

Oanfreegje 

Jo kinne jo oanfraach yntsjinje fia ûndersteande knop.

Oanfraach yntsjinje