Biobased Brêge Ritsumasyl

Begjin 2020: mei in biobased brêge oer it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl is de provinsje Fryslân in ynnovative dyk ynslein. De nije fytsbrêge op dizze lokaasje fasilitearret it feilich en komfortabel passearjen fan klasse Va skippen troch it realisearjen fan in trochfeartbreedte fan 17 meter. De eardere brêge wie oan de ein fan de technyske libbensdoer.
Doetiids deputearre Michiel Schrier:
“Wy hawwe hjir in prachtich proses trochrûn mei opdrachtjouwer, oannimmer, produsint en kennisynstellings. Dat hat in moai plan opsmiten dêr't ynfrastruktuer, sirkulêre ekonomy, ynnovaasje en kennisûntwikkeling yn gearkomme. Dêr meie wy as provinsje grutsk op wêze.”
In soad stelde fragen
Flaaks? Kinst dêr mei bouwe dan? Lês hjir ús FAQ, de faak stelde fragen!