Beslutelist Deputearre Steaten 7 april 2026

1. Prognoaze befolking en húshâldingen Fryslân 2020 -2050

Fryslân krijt der nei ferwachting oant 2050 sa'n 25.300 ynwenners en 28.400 húshâldens by. De provinsje rekkenet dêrmei op in evenredige befolkingsgroei fan 3,8 prosint en in groei fan húshâldingen fan 9,2 persint. Dat litte de troch DS jierliks fêststelde befolkingsprognoazes sjen. Tagelyk sette de demografyske feroaringen troch: der komme mear âlderen, minder jongeren en bern, en húshâldens wurde lytser. De natuerlike oanwaaks sakket, dêrtroch spilet migraasje in hieltyd wichtiger rol yn it op peil hâlden fan 'e befolking.

Factsheet befolking- en húshâldingenprognoaze (2025-2050)

2. Middels foar projekt (EFRO) ferminderjen fan medisynresten út wetter

DS stelt €117.165,83 beskikber foar it EFRO-projekt ‘Noord-Nederland koploper in het verminderen van medicijnresten uit water’. Dit projekt rjochtet him op it fermiderjen fan medisynresten yn wetter, ûnder mear mei ynnovative tapassings dêr't Fryske MKB-bedriuwen by belutsen binne. Foar Fryske MKB-bedriuwen binne boppedat noch EFRO-middels beskikber om ynnovaasje fierder te stimulearjen. Mear ynformaasje hjiroer is te finen op de webside fan SNN