Beslutelist Deputearre Steaten 6 jannewaris 2026

1. Sjenswize ûntwerp-ynstimmingsbeslút winningsplan Vlieland L15

Provinsje Fryslân tsjinnet in sjenswize yn tsjin it ûntwerp-beslút oangeande de proseduere Vlieland L15. De gemeente Flylân sil ek in sjenswize yntsjinje. It ministearje fan Klimaat en Groene Groei hat op 26 novimber in ûntwerp-beslút naam oer de proseduere. Yn it troch Eni Energy yntsjinne winningsplan wurdt frege om sawol in tafoeging fan twa gasboarringen as in ferlingingen fan it besteande, figearjende winningsplan. De minister is foarnimmens om it foarlizzende winningsplan te ferlienen.