Beslutelist Deputearre Steaten 4 novimber 2025

2. Fryslân yn berop tsjin langer en mear gaswinning by Toppenhuzen

Provinsje Fryslân giet mei Wetterskip Fryslân (pinfierder) en de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân yn berop tsjin it beslút fan de minister fan Klimaat en Groene Groei dat Vermilion Energy B.V. mear en langer ierdgas winne mei út de fjilden by Toppenhuzen. De minister stimde op 29 septimber 2025 yn mei dit aktualisearre gaswinningsplan. Yn dit beslút binne de earder troch Fryslân ynbrochte negative advizen en sjenswizen net oernommen. Mei it beslút mei Vermilion mear en langer ierdgas winne by Toppenhuzen. De oerheden geane dêr mei-inoar tsjin yn berop.