Beslutelist Deputearre Steaten 31 maart 2026

1. Fryslân fart foarút nei sterker havennetwurk mei nije fyzje 

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe ynstimd mei de Integrale Havenvisie Fryslân. Dêrmei set de provinsje yn op krêftiger havennetwurk, bettere gearwurking tusken havens en mear ferfier oer wetter. De fyzje rjochtet him op trije linen: romtlike ûntwikkeling, mienskiplike profilearring en bettere gearwurking yn 'e praktyk. Yn 'e mande mei gemeenten en ûndernimmers wurdt dit útwurke ta in útfieringsprogramma. Mei de fyzje wurket de provinsje Fryslân oan in takomstbestindich havennetwurk dat bydraacht oan de fersterking fan de Fryske ekonomy, ynfrastruktuer, duorsumens en brede wolfeart.

2. Startnotysje Fries Woonplan

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe ynstimd mei de startnotysje foar it Fries Woonplan. Mei dit plan riedt de provinsje him ta op de nije wetlike taak om in provinsjaal folkshúsfestingsprogramma op te stellen. De ynset is om it wenningtekoart oan te pakken, trochstreaming te befoarderjen, de wenningmerk better yn balâns te bringen en gelikense kânsen op in passende wenning te fergrutsjen. Dêrby wurdt sjoen nei sawol nijbou as it tûker benutten fan besteande wenten, en is der ekstra omtinken foar sosjale hier en de kwaliteit fan de wenningfoarried. It kolleezje wurket hjiryn nau gear mei gemeenten, korporaasjes, merkpartijen en ynwenners. De startnotysje wurdt 27 maaie yn Provinsjale Steaten behannele.