Beslutelist Deputearre Steaten 3 febrewaris 2026

1. Reaksje DS op koälysje-akkoart 

De provinsje Fryslân is bliid dat der mei it koälysje-akkoart ‘Aan de Slag’ in nij kabinet yn de startblokken stiet dat Nederlân wer yn beweging bringt. Dat is hurd nedich yn dizze ûnwisse tiid. De koälysje set yn op gearwurking mei de regio. Fryslân pakt dy want graach op. De provinsje kin en wol fanút eigen krêft en dy fan it noarden bydrage oan it oplossen fan lanlike fraachstikken. Fryslân is ree konstruktyf mei te tinken en mei te wurkjen. Gearwurking tusken Ryk en regio is essinsjeel..

Reactie Gedeputeerde Staten op coalitieakkoord

2. Oanfraach €3,9 miljoen foar Agrarysk Natuerbehear 

Fryslân freget €3.980.700,- oan by it ministearje fan LVVN foar it greidefûgelbelied, it natuerbehearplan en in it beheljen fan doelstellingen út de útfieringsaginda Lânbou. Yn de Foarjiersbeslútfoarming fan 2025 hat it ministearje fan LVVN €200 miljoen yn it jier oan ekstra strukturele middels takend foar it útwreidzjen fan it Agrarysk Natuerbehear (ANB). Dêrfan freget de provinsje Fryslân no €2,2 miljoen foar maatregels foar greidefûgels lykas ferwieting, biotoopferbettering en it fergrutsjen fan de iepenheid fan it gebiet en €830.700,- foar predaasjebehear. Dêrneist wurdt der in bedrach fan €950.000,- oanfrege sadat boeren yn Fryslân maatregels treffe kinne foar it ferbetterjen bioferskaat, lânskip, wetter en klimaat.