Beslutelist Deputearre Steaten 28 oktober 2025

1. Subsydzjeferstrekking pilot donghub Wijnjewoude Energie Neutraal

De provinsje Fryslân jout goed €12 miljoen subsydzje oan Energiecoöperatie Wijnjewoude (WEN) foar de pilot ‘Mesthub Wijnjewoude’. De pilot wurdt finansiere út de Ryksmiddels binnen it programma ‘Gebiedsgericht versnellen in het landelijk gebied’. De ynstallaasje moat mei sa'n 30 melkfeehâlders út de omjouwing soargje foar flinke stikstof- en broeikasgasreduksje en foar de produksje fan minimaal 1 miljoen m³ griengas yn it jier, genôch om Wynjewâld fossylfrij en enerzjyneutraal te meitsjen. De subsydzje makket útfiering fan it projekt mooglik en wurdt definityf sadra't de fergunningen dy't nedich binne en eksterne finansiering fersekere is.

2. IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen lêste kear iepen

De provinsje Fryslân stelt yn 2025 €1 miljoen beskikber foar it duorsumer meitsjen fan mienskipsgebouwen. Bestjoeren fan ferieningen en stichtingen kinne fan 3 oant en mei 20 novimber in oanfraach yntsjinje foar 50% subsydzje foar it duorsumer meitsjen fan doarpshuzen, sportakkommodaasjes, musea, tsjerken en oare mienskipsgebouwen. Foar begelieding by it dwaan fan in oanfraach kinne bestjoeren telâne by de streekkantoaren fan de fiif regio's.