Beslutelist Deputearre Steaten 24 maart 2026

1. Provinsje Fryslân stelt €12,9 miljoen beskikber foar beammen en bosken

Deputearre Steaten hawwe besletten om €12,9 miljoen beskikber te stellen foar de oanlis en it werstel fan bosk en lânskipseleminten yn Fryslân. De subsydzjes binne bedoeld foar ûnder oare partikulieren, gemeenten en terreinbehearders. Dêrfan is €9,9 miljoen bestimd foar de beammen- en boskenstrategy. Dêrneist wurdt €3 miljoen beskikber steld foar it herstel fan bosk binnen it Natuur Netwerk Nederland (NNN). De iepenstelling is fan 6 april oant en mei 16 desimber 2026. It jild wurdt brûkt foar nij bosk, werstel fan besteand bosk, houtwâlen, singels en ‘voedselbossen’. De regeling draacht dêrmei by oan in sterker lânskip, mear bioferskaat en ekstra CO₂-opslach. 

2. Subsydzje beskikber foar stipe Europeeske projektûntwikkeling

Fan 13 april ôf kin subsydzje oanfrege wurde foar stipe by Europeeske aktiviteiten. It doel fan de regeling is it stimulearjen fan, en it helpen ûntwikkeljen fan mear en bettere Fryske projekten dêr't in berop mei dien wurde kin op Europeeske middels om de brede wolfeart yn Fryslân te fersterkjen. Te tinken falt oan projektûntwikkeling, stipe by Europeeske subsydzje-oanfragen en netwurkûntwikkeling. De subsydzjeregeling wurdt útfierd troch it Fryske gearwurkingsferbân EuropaPact Fryslân (EPF). Der is €400.000,- beskikber.