Beslutelist Deputearre Steaten 21 april 2026

1. IMF factsheet 2025 (regulier) & IMF factsheet Ferduorsumjen

Deputearre Steaten hawwe de factsheets fan it Iepen Mienskipsfûns 2025 en de iepenstellingen Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen 2023-2025 fêststeld. Dêr docht út bliken dat yn 2025 fia it reguliere IMF 168 projekten stipe binne mei yn totaal €2.195.045,- oan subsydzje. Mei tank oan bydragen fan fûnsen, gemeenten en partikulieren hat dat laad ta in totale ynvestearring fan €11.600.528,-, in fermannichfoldigingsfaktor fan 5,3. De iepenstellingen foar it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen binne yntusken klear; mei frijwilligers binne 391 sportakkommodaasjes, doarpshuzen en tsjerken ferduorsume. Dat smyt jierliks in besparring op fan 7.222.178 kWh en €1.313.362,- oan kosten foar ferienings en stichtingen.