Beslutelist Deputearre Steaten 20 jannewaris 2026

1. Iepenstellingsbeslút GLB-NSP ferduorsuming fan it Fryske lânboubedriuw  

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat it iepenstellingsbeslút fêststeld foar de regeling ‘Verduurzaming van het Friese landbouwbedrijf 2026’. Mei dy regeling stelt DS €4 miljoen oan Europeeske middels beskikber om boeren te helpen ynvestearje yn in takomstbestindich bedriuw. De subsydzje is foar ynvestearrings dy't bydrage oan klimaat, wetterkwaliteit, boaiem, biodiversiteit en ynnovaasje op it boerehiem. Ek is der budzjet foar bistewolwêzen en beskerming tsjin wolveskea. Foar jonge lânboubouwers reservearje we de helte fan it budzjet, sadat sy ekstra kânsen krije om te ferduorsumjen. 

2. Fêststelling Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske Taal en iepenstelling 2026

Fan 10 febrewaris 2026 oant en mei 10 desimber 2026 wurdt de subsydzjeregeling Sichtberens Fryske Taal iepensteld. De regeling is bedoeld foar it fersterkjen fan de sichtberens fan de Fryske taal yn iepenbiere romte, ien fan de fiif spearpunten út de BFTK 2024–2028. Dêrneist kinne desintrale oerheden binnen de regeling ek oanfragen dwaan foar it útfieren fan aktiviteiten dy ’t neamd wurde of fuortfloeie út harren taalbeliedsplan. Gemeenten kinne ek oanfragen yntsjinje foar it ynsetten fan in meartaligenskoördinator (MTK). It totale subsydzjebedrach is €1.412.000,-.