Beslutelist Deputearre Steaten 19 maaie 2026
1. Provinsje Fryslân ynvestearret ekstra yn ferkearsfeiligens en fytsoerstekken
Fan 2027 ôf ynvestearret de provinsje jierliks €5 miljoen ekstra yn ferkearsfeiligens en bettere fytsrûtes. Dit is op basis fan in provinsjaal ûndersyk nei alle fytsoerstekken op provinsjale diken. Dêrmei wol de provinsje gefaarlike lokaasjes flugger oanpakke en de feiligens foar fytsers fergrutsje. De tariedingen begjinne al yn 2026, sadat wurksumheden fan 2027 ôf effisjint útfierd wurde kinne, faak kombinearre mei pland ûnderhâld. De ynvestearringen bestean út €4,5 miljoen foar ferkearsfeilichheidsmaatregels en €0,5 miljoen foar trochfytsrûtes. De oanpak rjochtet him op de meast ûnfeilige situaasjes en slút oan by de Fryske ambysje om ta te wurkjen nei nul ferkearsdeaden yn 2040, lykas fêstlein yn de regionale mobiliteits- en ferkearsfeilichheidsfyzje.
2. Advysrapport Extra impuls voor de Friese Norm (bestriding ûndermynjende kriminaliteit)
De mienskiplike oanpak fan ûndermynjende kriminaliteit yn Fryslân kin steviger en minder frijbliuwend organisearre wurde. Dat is de konklúzje fan in ûnôfhinklik advysrapport. De ûndersikers pleitsje ûnder mear foar strukturele koördinaasje, ekstra stipe fan gemeenten en in mienskiplike oanpak fan tema’s as soarchfraude en cyberwerberens. Ek moat skerper stjoerd wurde op útfiering, gearwurking en fuortgong. It rapport is opsteld nei oanlieding fan in moasje fan Provinsjale Steaten út novimber 2025. Dêryn frege PS oan Deputearre Steaten om mei gemeenten, Wetterskip Fryslân, it Regionaal Expertisecentrum RIEC en oare partners foarstellen út te wurkjen foar fersterking fan de Fryske Norm. Undermynjende kriminaliteit is organisearre kriminaliteit wêrby't kriminelen misbrûk meitsje fan legale bedriuwen, foarsjennings en oerheidstsjinsten om yllegale aktiviteiten mooglik te meitsjen, bgl. drugslabs yn leechsteande pleatsen, sjoemel mei fergunningen, wytwaskpraktiken en dubieuze fêstgoedtransaksjes. Dêrtroch reitsje de feilichheid, de betrouberens fan de oerheid en it fertrouwen yn de rjochtssteat ûnder druk. De Friese Norm is it mienskiplike útgongspunt: oerheden lûke mei-inoar op.
Advysrapport Extra impuls voor de Friese Norm
3. Friese Retailagenda 2026-2028
Deputearre Steaten hawwe de Friese Retailagenda 2022-2028 fêststeld. Mei dizze aginda wurket de provinsje gear mei gemeenten, ûndernimmers, ûnderwiis en oare partners oan fitale en takomstbestindige winkelgebieten en kearnen yn Fryslân. De oanpak rjochtet him op fiif tema’s: lokale gearwurking, takomstbestindich ûndernimmerskip, ferbliuwskwaliteit, funksjemiks en identiteit en profilearring. Foar de útfiering en monitoaring wurdt de Vitale Kernen Alliantie Fryslân ynrjochte ûnder de flagge fan Economic Board Fryslân.
Friese Retailagenda 2026 - 2028
4. Oanpassing subsydzjeregeling Monuminten
De Subsidieregeling Uitvoering Monumenten (SUMO) wurdt oanpast om better oan te sluten op it restauraasjeferlet fan monuminteigeners yn de provinsje. It beskikbere budzjet wurdt ferhege fan goed €2,6 miljoen nei goed €3,3 miljoen, trochdat it desintralisearre ryksjild tenei folslein matcht wurdt. De wichtichste wizigingen binne de ferdûbeling fan de maksimale subsydzje foar ryksmonuminten fan €250.000,- nei €500.000,-, útwreiding fan de mooglikheden foar dielrestauraasjes (dêrûnder dakken, tegeltablo's en monumintale ynterieurs) en in leechdrompeliger regeling foar gemeentlike monuminten en boeredakken. Eigeners fan ryksmonuminten en gemeentlike monuminten kinne in oanfraach yntsjinje fan 15 oant en mei 18 septimber 2026.