Beslutelist Deputearre Steaten 17 maart 2026

1. Twadde wiziging iepenstellingsbeslút GLB-NSP Utfiering projekten Noardwest-, Súdeast - en Súdwest-Fryslân (LEADER) 

Binnen it GLB LEADER programma wurde mei de wiziging finansjele middels dy’t yn 2024 en 2025 net folslein brûkt wurde, op ’e nij ynset foar de iepenstellingen yn 2026, sadat wy de beskikbere middels optimaal ynsette kinne foar LEADER. Dêrneist is it budzjet wat foar 2027 op de planning stie nei foaren helle en dêrmei taheakke oan de iepenstellingen fan 2026. Op dizze wize ûntstiet der foldwaande útfieringstiid foar de LEADER projekten, dy't uterlik yn juny 2028 klear wêze moatte. Yn 2027 sil dêrmei allinnich noch in iepenstelling dien wurde as der dit jier finansjele middels frijfalle binnen it LEADER programma.

2. MKB kin subsydzje oanfreegje foar ynnovaasje stipe 

Provinsje Fryslân stelt goed €1,1 miljoen euro beskikber foar de Regeling MKB Innovatiestimulering Regio en Topsectoren. Fan 7 april ôf kinne MKB'ers subsydzje oanfreegje foar helberensprojekten en fan begjin juny ôf foar R&D-gearwurkingsprojekten. De projekten moatte passe binnen de tema’s fan de Kennis- en Ynnovaasjeaginda’s, lykas bygelyks Sirkulêre Ekonomy of Lânbou, Wetter en Voedsel. Yn totaal is goed €6,4 miljoen beskikber foar projekten yn Noard-Nederlân. SNN fiert de regeling út.