Beslutelist Deputearre Steaten 17 febrewaris 2026

1. Fersterking oanpak ferkearsfeilich gedrach mei ekstra ynvestearring 

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe it nije bestegingsplan foar it Regionaal Orgaan ferkearsfeiligens Fryslân (ROF) foar 2026 fêststeld. Dêrmei wurdt € 500.000,- ekstra ynvestearre yn ferkearsfeilich gedrach. It jild wurdt ynset om besteande ferkearsfeiligensprojekten faker en better út te fieren lykas it aktualisearjen fan lesmateriaal en mear budzjet foar ynnovaasje. Dêrmei set de provinsje in folgjende stap rjochting it doel: nul ferkearsdeaden yn 2040, mei as tuskendoel in dúdlike ferbettering fan de ferkearsfeiligens yn 2030.

2. Untwerp-beslút oer swimwetterlokaasjes 

De provinsje wiist jierliks de offisjele swimlokaasjes yn oerflakte- en kustwetter oan, en fiere lokaasjes ôf wannear't dêr oanlieding ta is. Yn fergelyk mei 2025 is de list wizige. Yn dit ûntwerp-beslút wurdt foarsteld om 54 swimlokaasjes oan te wizen, ien lokaasje ôf te fieren omdat dy net foldocht oan de definysje fan in swimwetterlokaasje neffens de EU-rjochtline, en foar fjouwer lokaasjes mei de kwalifikaasje ‘min’ in negatyf swimadvys fêst te stellen. It ûntwerpbeslút, ynklusyf de list mei 54 swimwetterlokaasjes, leit seis wiken ta besjen. Dêrnei folget it definitive beslút.