Beslutelist Deputearre Steaten 14 april 2026
1. Iepenstelling regeling Frysk foar no en letter 2026
De provinsje Fryslân biedt fia de FFNEL 2026-regeling subsydzje oan skoallen en foarskoalske opfanglokaasjes foar it fersterkjen fan Frysk taal- en kultuerûnderwiis. De regeling floeit fuort út provinsjaal belied (BFTK en Taalnota Fansels Frysk) en jout útfiering oan Taalplan Frysk 2030. Subsydzje kin oanfrege wurde foar fiif aktiviteiten: oanskaf fan lesmateriaal, kultuer- en erfguoddukaasje, oplieding, meartalich ûnderwiis fia it Taalryk-konsept en it ûntwikkeljen én útfieren fan in taalfersterkingsplan. Yn ferliking mei eardere jierren binne der inkelde wizigingen: lesmateriaal wurdt tenei efterôf deklarearre, kultueraktiviteiten krije in fêst bedrach fan €15 per learling en de planaktiviteit rjochtet him no eksplisyt ek op útfiering, net allinnich op it skriuwen fan in plan. Alle ûnderwiisynstellings yn Fryslân, fan foarskoalsk oant wittenskiplik ûnderwiis, kinne in berop dwaan op de regeling. It doel is dat alle skoallen yn 2030 de kearndoelen Fryske taal en kultuer op foldwaande nivo oanbiede. Oanfragen kinne yntsjinne wurde mei yngong fan 22 april 2026 oant en mei 30 septimber 2026. It plafond fan de subsydzjeregeling is €1.000.000, -.