Beslutelist Deputearre Steaten 10 maart 2026
1. Sjenswize oanfoljend ûndersyk Nationaal Programma Ruimte voor Defensie
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat in sjenswize fêststeld op it oanfoljende ûndersyk binnen it Nationaal Programma Ruimte voor Defensie. It kolleezje begrypt dat Definsje, sjoen de hjoeddeistige geopolitike situaasje, mear romte nedich hat foar har aktiviteiten. Tagelyk fiynt DS it wichtich dat de belangen fan ús ynwenners, natuer en leefomjouwing goed meiwoegen wurde. Yn de sjenswize freget DS dêrom omtinken foar mooglike lûdsoerlêst troch fleanrûtes om lofthaven Lelystêd hinne en ekstra proefdraaie op fleanbasis Ljouwert. Ek freget DS om soarchfâldich te sjen nei de effekten fan besikings by Breesândyk op natuer, wetterkwaliteit en de leefomjouwing. Mei dizze sjenswize wol DS derfoar soargje dat de belangen fan Fryslân goed meinaam wurde yn de fierdere beslútfoarming troch it Ryk.
2. Ynstimme mei de regionale Afsprakenkaders ouderenhuisvesting
Fryslân fergrizet en dat betsjut dat it ferlet fan passende wenten foar âlderein de kommende jierren groeit. Dêrom hawwe Deputearre Steaten mei gemeenten en oare partners ôfspraken makke oer it realisearjen fan wenningen dy't better oanslute by de winsken fan âlderein: komfortabel, tagonklik en tichtby foarsjennings. It giet bygelyks om nultredewenten, klustere wenfoarmen en wenningen dy't geskikt binne foar soarch. Troch hjir rjochte op yn te setten, soargje we derfoar dat âlderen langer selsstannich wenje kinne én dat der mear trochstreaming op de wenningmerk ûntstiet. Dizze regionale ôfspraken binne in wichtige basis foar it Frysk Wenplan en foar de fierdere wenningbouplanning yn Fryslân.