Begruttingssubsydzjes

Foarnommen begrotingssubsydzjes 

De provinsje Fryslân kin yn spesifike situaasjes subsydzje jaan fia de provinsjale begrutting. Dit bart allinnich as der ien partij is dy't as iennichste serieuze gadingmakker yn oanmerking komt foar de subsydzje.

Wannear wurdt in begruttingskbsydzje ferliend? 

In begruttingssubsydzje kin allinnich ferliend wurde as oannimlik is dat der ien serieuze gadingmakker is. Dit is bygelyks it gefal as: 

  • de aktiviteit allinnich troch ien partij  útfierd wurde kin
  • ien partij hat unike kennis, posysje of middels
  • út ûndersyk docht bliken dat der mar ien geskikte partij is 

De betingsten en proseduere foar begruttingssubsydzjes binne fêstlein yn de beliedsregel fan de provinsje Fryslân. 

Lês de beliedsregel meitingingsproseduere begruttingssubsydzjes

Foarnommen subsydzje oan ANWB B.V.

Deputearre Steaten binne fan doel om in begruttingssubsydzje te ferlienen oan ANWB B.V. foar it programma Fytse sûnder ôflieding, rjochte op it ferminderjen fan ôflieding troch de mobile telefoan by it fytsen ûnder learlingen yn groep 7 en 8 en resultearjend yn in praktykrjochte ferdjipping fan it besteande ferkearsûnderwiis. It maksimale subsydzjebedrach is € 108.896.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, ûnder c, ûnderdielen i en v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, ûnder c, fan de Beliedsregel konkurrinsjeproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat ANWB de iennichste serieuze gadingmakker is.

Motivearring

It programma Fytse sûnder ôflieding is yntellektueel eigendom fan ANWB Streetwise. It programma is spesjaal foar Fryslân ûntwikkele om oan te sluten by it doelgedrach ‘Fytse sûnder mobyl yn ’e hân’ troch 10- oant 12-jierrigen. Dêrby wurdt spesifyk oansletten by it Life Changing Event ‘oergong fan basisûnderwiis nei fuortset ûnderwiis’. De dosinten fan ANWB Streetwise dy’t Fytse sûnder ôflieding útfiere, hawwe spesifike training krigen om dizze lessen jaan en fierder ûntwikkelje te meien.

ANWB Streetwise beskikt dêrmei oer it programma sels, de spesifyk foar de útfiering dêrfan oplaat dosinten en de kennis en ûnderfining dy’t by de ûntwikkeling en útfiering fan it programma yn Fryslân opboud binne.

Dêrnjonken hat ANWB Streetwise, ek yn gearhing mei Veilig Verkeer Nederland (VVN), troch de jierren hinne in unyk netwurk ûnder de Fryske basisskoallen opboud. Binnen dit netwurk is in wikselwurking fan fraach en oanbod ûntstien. Basisskoallen hâlde yn beskate mjitte yn harren lesroaster rekken mei de komst fan it projekt.

Ek is relevant dat der sprake is fan in langduorjende en komplementêre gearwurking mei VVN by ferkearsûnderwiisprojekten yn it basisûnderwiis.

Troch de kombinaasje fan it yntellektueel eigendom fan it programma, de spesifyk foar de útfiering oplaat dosinten, de by de útfiering opboude kennis en ûnderfining en it besteande netwurk ûnder Fryske basisskoallen kinne oare partijen ridlikerwize net op deselde wize útfiering jaan oan de aktiviteiten.

ROF Wurkplan 2027

ANWB Streetwise makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskate partners opinoar oan en folje se inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting by de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, is der de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t de beoogde subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan EJ Event Support

Deputearre Steaten binne fan doel in begruttingssubsydzje te ferlienen oan EJ Event Support foar it útfieren fan ‘Try before you buy’-aksjes, wêrby’t dielnimmers oan Doortrappen-aktiviteiten frijbliuwend in fytshelm útprobearje kinne sûnder oankeapferplichting, rjochte op it stimulearjen fan it doelgedrach ‘helm drage by it fytsen’ ûnder senioaren (65+) tidens de Life Changing Events ‘Pensjonearring’, ‘Oanskaf e-bike’ en ‘Alderdomsklachten wurde sichtber’ en resultearjend yn bewustwurding fan de beskermjende wurking fan in fytshelm en it ferleegjen fan de drompel om feitlik in fytshelm te keapjen en te dragen. It maksimale subsydzjebedrach is € 32.500.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, sub c, ûnderdiel v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, sub b, fan de Beleidsregel mededingingsprocedure begrotingssubsidies provincie Fryslân is fêststeld dat EJ Event Support de iennige serieuze gadingmakker is.

Motivearring

EJ Event Support beskikt oer in oantoanber unyk netwurk dat essinsjeel is foar de útfiering fan de ‘Try before you buy’-aksjes. Troch dit netwurk kin EJ Event Support de foar de útfiering nedige partijen mei-inoar ferbine, dielnimmers oan Doortrappen-aktiviteiten berikke en de gearwurking organisearje, ûnder oare mei de projektlieder fan it programma Doortrappen. Krekt dizze besteande ferbiningen meitsje it mooglik om de aktiviteit oanslute te litten by de doelgroep en by de besteande Doortrappen-aktiviteiten. Dit netwurk kin net op koarte termyn troch in oare organisaasje opboud of oernommen wurde. Dêrmei foarmet it netwurk in needsaaklike betingst foar de útfiering fan de aktiviteit en it berikken fan de beoogde resultaten.

Dêrneist beskikt EJ Event Support oer djipgeande en oantoanbere kennis fan de doelgroep senioaren (65+) foar wa’t de aktiviteiten bestimd binne. Dizze kennis is basearre op langduorjende belutsenens by de doelgroep, strukturele kontakten mei dielnimmers en gearwurkingspartners en romme ûnderfining mei de spesifike behoeften fan dizze doelgroep. Dizze besteande belutsenens en kontakten drage deroan by dat EJ Event Support de doelgroep berikke kin en de aktiviteit oanslute litte kin by de behoeften fan de dielnimmers. De kennis en de opboude relaasjes binne net sûnder mear oerdraachber oan in oare organisaasje.

ROF Wurkplan 2027

EJ Event Support makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskillende partners op inoar oan en folje sy inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting op de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme te kinnen, bestiet de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t de beoogde subsydzjeûntfanger net de iennige serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Stichting Fietsersbond

Deputearre Steaten binne fan doel om in begruttingssubsydzje te ferlienen oan Stichting Fietsersbond foar de útfiering fan aktiviteiten foar de doelgroep plussers, wêrûnder Tematochten, Fiets je Rijk!, it realisearjen fan it Doortraproutenetwurk, de Kick-off fan it Doortrappenseizoen, Fietsspiegel en de fytshelmaksje en de Untdekkingsdei foar de trijetsjilfyts, it ûnderhâlden fan it netwurk fan Doortrappenambassadeurs yn Fryslân en it útfieren fan fytsferljochtingskontrôles (Guerrilla-aksjes) yn it fuortset ûnderwiis. Dizze aktiviteiten binne rjochte op it yn stân hâlden fan it Doortrappenprogramma en it stimulearjen fan it doelgedrach ‘geregeld fytskilometers meitsjen bliuwe’, ‘feiligensmiddels brûke by it fytsen (spegel, helm)’, ‘fit op ’e fyts stappe en it lykwicht hâlde kinne’ en ‘in helm drage by it fytsen’. It beoogde resultaat is dat de Fietsersbond hjir troch de útfiering fan de neamde aktiviteiten en it ûnderhâlden fan it netwurk fan Doortrappenambassadeurs oan bydraacht. It maksimale subsydzjebedrach is € 197.040.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, ûnder c, ûnderdielen i en v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, ûnder b en c, fan de Beliedsregel konkurrinsjeproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat de Fietsersbond de iennichste serieuze gadingmakker is.

Motivearring

De Fietsersbond beskikt oer unike ekspertize en spesjalistyske kennis fan it opsetten fan fytsrûtes dy’t spesifyk geskikt binne foar senioaren en brûkers fan in trijetsjilfyts. Jierrenlange ûnderfining mei de doelgroep en mei it ûntwikkeljen fan fytsrûtes, ek spesifyk binnen de provinsje, makket dat de Fietsersbond op dit mêd unike kennis hat dy’t op dit stuit by gjin oare partij oanwêzich is. Dêrnjonken beskikt de Fietsersbond oer in eigen app dêr’t fytsrûtes yn opnommen binne, wêrûnder de Doortrappenrûtes. Dizze app stipet de spesifike wurkwize fan de Fietsersbond by de útfiering fan de aktiviteiten.

Dêrnjonken beskikt de Fietsersbond oer unike ynhâldlike ekspertize op it mêd fan fytsfeiligens en feilich fytsgedrach. De Fietsersbond ûntwikkelet en fersoarget in gearhingjend pakket oan aktiviteiten yn Fryslân, dat komplementêr is oan de projekten fan de oare útfierende partijen. Troch dizze spesjalistyske kennis, de opboude ûnderfining en de yntegrale útfiering fan it programma slute de aktiviteiten optimaal oan by de doelgroepen en de beoogde gedrachsferoaring. Dizze ekspertize is net maklik oerdraachber.

De Fietsersbond beskikt fierder oer in unyk en lanlik netwurk fan lokale frijwilligers, fytsdosinten, fytshannelers (Doortrappenambassadeurs), Veilig Verkeer Nederland (VVN), Stichting Bevordering Verkeerseducatie (SBV), skoallen en oare ferkearsfeiligenspartners. Dit netwurk is yn de rin fan in protte jierren opboud en wurdt struktureel ûnderhâlden. Hjirtroch kin de Fietsersbond aktiviteiten effisjint organisearje, dielnimmers berikke en gearwurkje mei relevante partijen yn hiel Fryslân. It netwurk is essinsjeel foar de útfiering fan de Doortrappenaktiviteiten en kin net op koarte termyn troch in oare organisaasje opboud of benut wurde. Dêrnjonken hâlde skoallen yn beskate mjitte yn harren lesroasters rekken mei de fytsferljochtingskontrôles. Dêrom moat ridlikerwize oannommen wurde dat gjin oare partij yn ferlykbere mjitte oer dit netwurk beskikt.

As oanfoljende relevante omstannichheid jildt dat de Fietsersbond in bysûndere bân hat mei de doelgroep senioaren (65+) en de regio. De Fietsersbond beskikt oer wiidweidige kennis fan dizze doelgroep en harren fytsgedrach. Dizze kennis is opboud troch jierrenlange belutsenens by de ûntwikkeling en útfiering fan fytsfeiligensprogramma’s, wêrûnder Doortrappen, en troch it strukturele kontakt mei dielnimmers, frijwilligers, gemeenten en fytshannelers. Hjirtroch hat de Fietsersbond ynsjoch yn de winsken, mooglikheden en beheiningen fan âldere fytsers en kin de organisaasje aktiviteiten ûntwikkelje dy’t oanslute by harren leefwrâld en bydrage oan gedrachsferoaring. Ek beskikt de organisaasje oer spesifike kennis fan fytsfeiligens en de faktoaren dy’t fan ynfloed binne op feilich en fitaal fytsen bliuwe.

ROF Wurkplan 2027

De Fietsersbond makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskate partners opinoar oan en folje se inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting by de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, is der de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t de beoogde subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Stichting Instituut Verantwoord Medicijngebruik (IVM)

Deputearre Steaten binne fan doel om in begruttingssubsydzje te ferlienen oan Stichting Instituut Verantwoord Medicijngebruik (IVM) foar it jaan fan (nei)opliedingen ‘Geneesmiddelen in het verkeer’ en ‘Update geneesmiddelen in het verkeer’ oan earsteline-, twaddeline- en GGZ-soarchferlieners yn Fryslân, it behearen fan de ynformaasjeside op www.rijveiligmetmedicijnen.nl en it útfieren fan in aktive kampanje foar medisynbrûkers. De aktiviteiten binne rjochte op it ynformearjen fan soarchferlieners oer de ynfloed fan medisinen op de ferkearsfeiligens en it stimulearjen fan soarchferlieners om dit mei harren pasjinten te besprekken, en op it ynformearjen fan medisynbrûkers oer feilich fytsen en autoriden. De aktiviteiten resultearje yn foarljochting oan soarchprofessionals en medisynbrûkers fia opliedingen, foarljochtingsmaterialen, de website en in kampanje. Hjirmei wurdt bydroegen oan it doelgedrach ‘Ride sûnder medisinen dy’t ynfloed hawwe op de rydfeardigens’ en ‘Ophâlde mei fytsen by spesifyk medisyngebrûk’ op it momint dat âlderdomsklachten sichtber wurde (LCE). It maksimale subsydzjebedrach is € 40.160.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, ûnder c, ûnderdielen i en v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, ûnder b en c, fan de Beliedsregel konkurrinsjeproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat Instituut Verantwoord Medicijngebruik (IVM) de iennichste serieuze gadingmakker is.

Motivearring

IVM is eigener en behearder fan www.rijveiligmetmedicijnen.nl, in lanlik kennisplatfoarm mei ûnôfhinklike en aktuele ynformaasje oer medisinen en rydfeardigens. Op dit platfoarm komt de spesjalistyske kennis fan IVM op it mêd fan medisinen en rydfeardigens byinoar en is dy oerset nei konkrete ynformaasje, foarljochtingsmaterialen en kommunikaasjemiddels foar soarchprofessionals en medisynbrûkers. It platfoarm en de dêrop ûntwikkele ynhâld en kommunikaasjemiddels stypje dêrmei de útfiering fan de aktiviteiten. Fia de eigen kanalen fan IVM wurdt dêrnjonken aktyf kampanje fierd, wêrmei’t IVM in grut berik hat.

IVM is de iennichste ûnôfhinklike organisaasje dy’t him folslein rjochtet op feilich en ferantwurde medisyngebrûk. De organisaasje set op lanlik nivo wittenskiplike kennis en lanlike rjochtlinen om yn praktyske yntervinsjes en foarljochting. Troch dizze posysje beskikt IVM oer spesjalistyske kennis op it snijflak fan medisyngebrûk en ferkearsfeiligens. IVM ûntwikkelet en ymplemintearret al jierrenlang yntervinsjes dy’t spesifyk rjochte binne op de ynfloed fan medisinen op de rydfeardigens en past dizze kennis ûnder oare ta fia www.rijveiligmetmedicijnen.nl, opliedingen, foarljochtingsmaterialen en kampanjes. Dizze gearhingjende kennis, ûnderfining en ûntwikkele yntervinsjes binne net sûnder mear by in oare organisaasje oanwêzich en binne fan belang foar it fergrutsjen fan it bewustwêzen oer de ynfloed fan medisinen op de ferkearsfeiligens en it stimulearjen fan feilich gedrach by dielname oan it ferkear.

IVM beskikt oer in lanlik en Frysk netwurk fan apoteken, earste- en twaddelinesoarchferlieners, pasjinte-organisaasjes en oerheden. Dit netwurk makket it mooglik om ferkearsfeiligensboadskippen oer medisyngebrûk breed en fia fertroude kanalen ûnder de doelgroep te fersprieden en aktiviteiten effektyf út te fieren. IVM hat mei it Fryske netwurk al in jierrenlange aktive bân opboud as it giet om foarljochting fan en troch professionals oan medisynbrûkers oer feilich medisyngebrûk yn it ferkear.

Dêrnjonken hat IVM in bysûndere bân mei partijen dy’t medisinen ferstrekke, om’t IVM yn Nederlân de iennichste ûnôfhinklike organisaasje is dy’t him rjochtet op it ferbetterjen fan de kwaliteit, feiligens en betelberens fan medisinen. Hjirtroch hat IVM net allinnich in bysûndere bân mei de doelgroep, mar geniet de organisaasje ek oansjen by dizze doelgroep. Dêrnjonken wurket de provinsje Fryslân al mear as tsien jier gear mei IVM op it mêd fan ferkearsfeiligensyntervinsjes rjochte op feilich medisyngebrûk yn it ferkear.

ROF Wurkplan 2027

IVM makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskate partners opinoar oan en folje se inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting by de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, is der de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t de beoogde subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Koninklijke Nederlandse Motorrijders Vereniging (KNMV)

Deputearre Steaten binne fan doel om in begruttingssubsydzje te ferlienen oan de Koninklijke Nederlandse Motorrijders Vereniging (KNMV) foar it fersoargjen fan de masterclasses ‘Risk perception’ en ‘Cornering’ foar motorriders fan 25 oant 55 jier, rjochte op it stimulearjen fan it doelgedrach ‘Ride mei in passende snelheid op it goede plak op ’e dyk’ om it Life Changing Event ‘Oankeap motor’ hinne en resultearjend yn in grutter ferkearsynsjoch en risikobewustwêzen, in bettere technyske rydfeardigens en it better yn steat wêzen om feilige karren te meitsjen yn it ferkear. It maksimale subsydzjebedrach is € 34.733.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, ûnder c, ûnderdielen i en v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, ûnder b en c, fan de Beliedsregel konkurrinsjeproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat de Koninklijke Nederlandse Motorrijders Vereniging (KNMV) de iennichste serieuze gadingmakker is.

Motivearring

De KNMV hat in spesifyk ûntwikkele kursusoanbod foar motorriders, wêrûnder de masterclasses Risk Perception en Cornering. Dizze trainingen binne rjochte op it ferbetterjen fan ferkearsynsjoch, risikobewustwêzen en feilich rydgedrach. De kombinaasje fan teory, praktykoefeningen en omtinken foar sawol technyske as mentale feardichheden slút streekrjocht oan by it stimulearjen fan feilich motorriden en dêrmei by it beoogde doelgedrach.

De útfiering fan de masterclasses freget om spesjalisearre kennis fan motorriden, ferkearsfeiligens en didaktyk. De KNMV wurket mei betûfte en kwalifisearre motordosinten dy’t dizze kombinaasje fan praktykûnderfining en ynhâldlike ekspertize oerbringe kinne op dielnimmers. Troch dizze spesifike saakkundigens kinne de trainingen op in effektive en feilige wize útfierd wurde. Dêrnjonken bliuwe de dosinten op ’e hichte fan aktuele ynsjoggen, ûndersiken en trends, wêrûnder kennis fan partijen lykas Stichting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid (SWOV). Hjirtroch slute de trainingen oan by de meast resinte ynsjoggen op it mêd fan feilich motorriden en is de ekspertize fan de KNMV ûnderskiedend en as sadanich net ferfangber.

De KNMV hat in unyk en wiidweidich lanlik netwurk fan leden, motordosinten en fersekerders, wêrmei’t de doelgroep streekrjocht berikt wurde kin. Dit netwurk is opboud troch jierrenlange belutsenens by de motorsport, de motorridersmienskip en ferkearsfeiligens. De kombinaasje fan in aktive efterban, betûfte trainers en in besteande struktuer foar kennisdieling makket dat de KNMV in unike posysje hat om dizze subsydzjeaktiviteiten út te fieren. Hjirtroch is it oannimlik dat gjin oare organisaasje yn deselde mjitte oer dizze mooglikheden en ekspertize beskikt.

De KNMV is de feriening foar de rekreative motorrider en hat dêrmei in bysûndere bân mei de doelgroep. Dêrnjonken wurket de provinsje al hiel lang gear mei de KNMV op it mêd fan ferkearsûnderwiis foar motorriders.

ROF Wurkplan 2027

De KNMV makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskate partners opinoar oan en folje se inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting by de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, is der de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t de beoogde subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Stichting Niet Aangeboren Hersenletsel Zorg (NAH Zorg)

Deputearre Steaten binne fan doel om in begruttingssubsydzje te ferlienen oan Stichting Niet Aangeboren Hersenletsel Zorg (NAH Zorg) foar begelieding, stipe en advys oan minsken mei net-oanberne harsenletsel en harren neisten, it fersoargjen fan NAH Traffic Informer-lessen yn it fuortset ûnderwiis, middelber beropsûnderwiis en heger beropsûnderwiis en de projekten Themadag Hulpverleners en Teken van Leven/Werkgroep De Verstomde Schreeuw, rjochte op bewustwurding fan feilich ferkearsgedrach en omtinken en stipe foar slachtoffers fan ferkearsûngemakken, neibesteanden en helpferlieners en resultearjend yn skoalbern en studinten dy’t har mear bewust binne fan harren eigen ferkearsgedrach en fan de feilige karren dy’t sy as ferkearsdielnimmer meitsje kinne en yn stipe fan slachtoffers, neibesteanden en helpferlieners. It maksimale subsydzjebedrach is € 38.510.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, ûnder c, ûnderdielen i en v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, ûnder b en c, fan de Beliedsregel konkurrinsjeproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat Stichting NAH Zorg de iennichste serieuze gadingmakker is.

Motivearring

NAH Zorg hat in bysûndere posysje troch de kombinaasje fan spesjalistyske kennis, ûnderfiningssaakkundigens en in eigen ynformaasjeplatfoarm oer net-oanberne harsenletsel (NAH). Fia dit platfoarm wurde kennis, ynformaasje en stipe beskikber steld oan minsken mei NAH en harren neisten, gearwurkingspartners en professionals dy’t belutsen binne by ferkearsfeiligens en begelieding nei in ûngemak. It platfoarm stipet dêrmei sawol de kennisdieling as it berikken fan de relevante doelgroepen.

Dêrnjonken beskikt NAH Zorg oer in groep ûnderfiningssaakkundigen mei net-oanberne harsenletsel as gefolch fan in (ferkears)ûngemak. Sy kinne út harren eigen ûnderfining wei bewustwurding kreëarje en it petear oangean oer de gefolgen fan risikofol ferkearsgedrach en ûngemakken. Yn kombinaasje mei de spesjalistyske kennis fan NAH Zorg oer de begelieding fan minsken mei NAH en de gefolgen fan in ûngemak foar it deistich funksjonearjen fan slachtoffers en harren direkte omjouwing, beskikt de organisaasje oer spesifike saakkundigens en in wurkwize dy’t net sûnder mear troch in oare organisaasje oernommen wurde kinne.

NAH Zorg hat ek in besteand netwurk binnen Fryslân en wurket ûnder oare gear mei Stichting Bevordering Verkeerseducatie (SBV) en skoallen. Troch dizze gearwurking is NAH Zorg bekend by relevante regionale partijen en hat de organisaasje streekrjochte tagong ta de doelgroep en ûnderwiisynstellingen, dy’t boppedat alle jierren yn harren lesroasters rekken hâlde mei de lessen. It opboude netwurk en de posysje binnen Fryslân meitsje it mooglik om de aktiviteiten effektyf út te fieren en kinne net op koarte termyn troch in oare partij oernommen wurde.

By de beoardieling binne dêrnjonken de relevante omstannichheden meinommen. NAH Zorg is fêstige yn Fryslân en ken de regionale kontekst, gearwurkingspartners en doelgroep binnen de provinsje. Dizze lokale ferankering is fan belang om oan te sluten by de Fryske praktyk. NAH Zorg hat spesifike kennis fan minsken mei net-oanberne harsenletsel en de gefolgen fan ferkearsûngemakken. Troch de kombinaasje fan profesjonele begelieding en de ynset fan ûnderfiningssaakkundigen begrypt de organisaasje de behoeften en mooglikheden fan de doelgroep en kin sy it boadskip oer ferkearsfeiligens op in passende en effektfolle wize oerbringe. Ek wurket NAH Zorg struktureel gear mei de SBV en dêrmei mei de skoallen binnen Fryslân. Dizze gearwurking soarget foar in besteande útfieringsstruktuer, koarte linen mei belutsen partijen en tagong ta de doelgroep. It opbouwen fan ferlykbere gearwurkingsrelaasjes en it krijen fan deselde posysje binnen it Fryske netwurk freget om in langduorjende ynvestearring en kin net fuortendaliks troch in oare organisaasje realisearre wurde.

ROF Wurkplan 2027

NAH Zorg makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskate partners opinoar oan en folje se inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting by de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, is der de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t de beoogde subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Stichting Responsible Young Drivers Nederland (RYD)

Deputearre Steaten binne fan doel om in begruttingssubsydzje te ferlienen oan Stichting Responsible Young Drivers Nederland (RYD) foar it útfieren fan ferskate ferkearsfeiligensaktiviteiten yn Fryslân foar jongeren en jongfolwoeksenen, wêrûnder 3D-Afleiding Car klassikaal, 3D Tripping Car, Alcohol & drugscontroles, Fris!team, Fotoframe focus Auto en Coördinatie Publieksacties. Dêrnjonken fiert RYD yn 2027 de pilots Simulator Snelheid, 3D Tripping Car: veilig van de keet, Skip de bon en Drive Ready (mei CBR) út. RYD koördinearret dêrnjonken alle publyksaksjes en kampanjes dy’t troch de provinsje subsidiearre wurde. De aktiviteiten binne rjochte op it fergrutsjen fan it bewustwêzen fan risikogedrach yn it ferkear troch middel fan ynteraktive en ûnderfiningsrjochte kampanjes, yn it bysûnder om it doelgedrach ‘Bob regelje by útgean, feesten en festivals’ en ‘Gjin mobyl yn ’e hân by it autoriden’ hinne, en resultearje deryn dat jongeren troch realistyske ferkearssenario’s ûnderfine hoe fluch gefaarlike situaasjes ûntstean kinne en hoe’t ôflieding en riden ûnder ynfloed harren rydgedrach beynfloedzje. It maksimale subsydzjebedrach is € 200.442,-.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, ûnder b en ûnder c, ûnderdielen i en v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, ûnder a, b en c, fan de Beliedsregel konkurrinsjeproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat Stichting Responsible Young Drivers Nederland (RYD) de iennichste serieuze gadingmakker is.

Motivearring

RYD is eigener fan spesjaal ûntwikkele en unike ferkearsfeiligenssimulators dy’t ûnderdiel útmeitsje fan har oanpak. Mei dizze simulators kin de doelgroep yn in feilige omjouwing ûnderfine wêr’t de grinzen fan it eigen kinnen lizze en wat de gefolgen fan risikofol ferkearsgedrach wêze kinne. Krekt foar jongeren, by wa’t de risikopersepsje struktureel leech leit, is dizze ûnderfiningsrjochte wurkfoarm didaktysk fan belang. De ûnderfiningen mei de simulators meitsje abstrakte ferkearsfeiligensboadskippen konkreet en foarmje boppedat oanlieding foar petearen mei de direkte sosjale omjouwing fan de dielnimmers. De simulators binne eigendom fan RYD en foarmje dêrmei in spesifyk middel binnen har oanpak dat net sûnder mear troch oare partijen ynset wurde kin.

RYD hat dêrnjonken in breed gearwurkingsnetwurk opboud mei gemeenten, maatskiplike organisaasjes en oare útfieringspartners, lykas SBV, VVN, TeamAlert en de Fietsersbond. Hjirtroch kin RYD jongeren berikke op relevante mominten en lokaasjes, bûten oare foarmen fan ferkearsûnderwiis yn Fryslân. De besteande relaasjes en ûnderfining mei mienskiplike kampanjes meitsje it mooglik om aktiviteiten goed opinoar ôf te stimmen en fluch en effektyf út te fieren.

RYD is fêstige op it Verkeerseducatiecentrum (VEC) yn Drachten en is dêrmei lokaal ferankere binnen it netwurk fan ferkearsfeiligenspartners yn Fryslân. Dizze fysike oanwêzigens soarget foar koarte linen mei oare regionale útfieringspartners.

RYD ûnderskiedt him boppedat troch in oanpak dy’t foar en troch jongeren útfierd wurdt. Troch de ynset fan jongeren slút it boadskip oan by de belibbingswrâld fan de doelgroep en ûntstiet leauwige kommunikaasje tusken leeftydsgenoaten (peer to peer). Dizze spesifike oanpak draacht by oan it berikken fan gedrachsferoaring by jonge ferkearsdielnimmers.

Troch de jierrenlange gearwurking mei gemeenten, skoallen, eveneminte-organisaasjes en oare ferkearsfeiligenspartners hat RYD in effektive útfieringsstruktuer opboud foar ferkearsûnderwiis op skoallen en publyksrjochte kampanjes. Dizze posysje binnen it regionale netwurk makket it mooglik om jongeren op grutte skaal te berikken en ferkearsfeiligens ûnder de oandacht te bringen op mominten dy’t oanslute by harren leefwrâld, lykas it beheljen fan it rydbewiis. It opbouwen fan in ferlykber netwurk en deselde mjitte fan berik freget om langduorjende ynvestearring en ûnderfining. De ûnderwiisprojekten en kampanjes fan RYD slute boppedat oan op de projekten fan oare partners en binne dêr komplementêr oan. Mei-inoar foarmje se in goed dekkend oanbod foar it doelgedrach en de Life Changing Events.

ROF Wurkplan 2027

RYD makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskate partners opinoar oan en folje se inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting by de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, is der de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t de beoogde subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Stichting Bevordering Verkeerseducatie (SBV)

Deputearre Steaten binne fan doel om in begruttingssubsydzje te ferlienen oan Stichting Bevordering Verkeerseducatie (SBV) foar it útfieren fan ferskate ferkearsfeiligensaktiviteiten yn Fryslân foar it fuortset ûnderwiis, mbo en hbo dy’t oanslute op it momint fan de oergong fan it basisûnderwiis nei it fuortset ûnderwiis, it beheljen fan it (brommer)rydbewiis en de earste oertrêding (LCE’s): Verkeersmarkt, Verkeerslessen klas 2/3/4/mbo/hbo, Tracks, SlowMono en koördinaasje vo/mbo/hbo. Dizze aktiviteiten binne rjochte op it doelgedrach ‘(Brommer)ride sûnder (rest)alkohol en drugs’, ‘Gjin mobyl yn ’e hân by it autoriden’, ‘Bob regelje by útgean, feesten en festivals’, ‘Autoride mei passende snelheid’, ‘Net op ’e nij yn ’e fout gean by oertrêding fan ferkearsregels’, ‘Fytse mei fytsferljochting’ en ‘Mobyl yn ’e tas by it fytsen’. It maksimale subsydzjebedrach is € 596.424.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, ûnder c, ûnderdielen i en v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, ûnder a, fan de Beliedsregel konkurrinsjeproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat Stichting Bevordering Verkeerseducatie (SBV) de iennichste serieuze gadingmakker is.

Motivearring

SBV beskikt oer in spesjalisearre dosintepool fan kwalifisearre ferkearsdosinten dy’t ek wurksum binne as rydynstrukteur. Al dizze dosinten hawwe in WRM-kwalifikaasje en dêrneist in pedagogysk-didaktyske oantekening, krigen troch it folgjen fan in oplieding by de NHL. Troch dizze kombinaasje fan aktuele praktykûnderfining, didaktyske feardichheden en spesjalistyske oplieding binne sy by útstek yn steat om, yndividueel en yn groepsferbân, ferkearsûnderwiis te fersoargjen dat oanslút by de belibbingswrâld fan jongeren. De dosinten folgje struktureel byskoalling, wêrtroch de ynhâld fan de lessen oanslút by de nijste ûntwikkelingen op it mêd fan ferkearsfeiligens en rydfeardigens.

SBV hat in wiidweidich en aktyf netwurk fan rydskoalhâlders yn Fryslân. Troch de strukturele kontakten mei rydskoallen kin SBV ferkearsfeiligensaktiviteiten effektyf ûnder de oandacht bringe en fraach en oanbod tusken útfieringspartners en rydskoallen byinoar bringe. Dit netwurk is fan grutte wearde foar it berikken fan begjinnende bestjoerders en it stimulearjen fan feilich ferkearsgedrach. De opboude relaasjes en it fertrouwen binnen dit netwurk binne unyk. Dêrnjonken ferfollet SBV binnen Fryslân in ferbinende rol tusken skoallen en oare útfieringspartners. Der binne duorsume kontakten opboud mei vo-, mbo- en hbo-skoallen, wêrtroch SBV de behoeften fan skoallen ken en in passend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens organisearje kin. Dizze netwurkposysje soarget derfoar dat projekten effisjint útfierd wurde kinne en dat skoallen tagong krije ta in breed oanbod oan yntervinsjes.

Dêrnjonken is SBV fêstige op it Verkeerseducatiecentrum (VEC) yn Drachten en is dêrmei lokaal ferankere binnen it netwurk fan ferkearsfeiligenspartners yn Fryslân. Dizze fysike oanwêzigens soarget foar koarte linen mei regionale partijen, wat nedich is foar in goede útfiering. SBV wurket al tige lange tiid gear mei de provinsje en oare ferkearsfeiligenspartners om de ferkearsfeiligens yn de provinsje te befoarderjen. Dizze geografyske posysje en besteande langduorjende gearwurkingsrelaasjes wurde as oanfoljende relevante omstannichheden meinommen yn de beoardieling.

ROF Wurkplan 2027

SBV makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskate partners opinoar oan en folje se inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting by de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, is der de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t de beoogde subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Stichting Sport Fryslân

Deputearre Steaten binne fan doel om in begruttingssubsydzje te ferlienen oan Stichting Sport Fryslân foar it útfieren fan fittesten yn Fryslân, rjochte op it stimulearjen fan dielnimmers, yn it bysûnder senioaren, om aktyf en sûn te bliuwen en op in feilige wize fytsen te bliuwen, en resultearjend yn fittesten wêrby’t de fysike sûnens metten wurdt en dielnimmers mei in fytsdosint fan de Fietsersbond yn petear geane oer ferskate aspekten fan feilich fytsen. It maksimale subsydzjebedrach is € 21.000.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, ûnder c, ûnderdielen i en v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, ûnder a, b en c, fan de Beliedsregel konkurrinsjeproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat Sport Fryslân de iennichste serieuze gadingmakker is.

Motivearring

Sport Fryslân set in netwurk fan buertsportcoaches yn dy’t spesjalisearre binne yn it stimulearjen fan in aktive en sûne libbensstyl. Harren kennis fan bewegen, falprevinsje en it berikken fan ynwenners makket harren by útstek geskikt om ferkearsfeiligens ûnder de oandacht te bringen. Op dy wize kinne senioaren, as kwetsbere doelgroep, langer fitaal en feilich oan it ferkear dielnimme.

Sport Fryslân wurket struktureel gear mei alle Fryske gemeenten en de dêrby hearrende aktive buertsportcoaches. Hjirtroch is der in provinsjedekkende útfieringsstruktuer oanwêzich wêrmei’t aktiviteiten lokaal organisearre en ôfstimd wurde kinne op de behoeften fan ynwenners.

Fia it netwurk fan buertsportcoaches hat Sport Fryslân streekrjochte tagong ta de beoogde doelgroep, benammen senioaren dy’t meidogge oan beweech- en sûnensaktiviteiten. Hjirtroch kin de Fittest, mar kinne ek oare Doortrappenaktiviteiten, op in leechdrompelige wize oanbean wurde op plakken dêr’t de doelgroep al aktyf is. Dit besteande netwurk is yn de ôfrûne jierren opboud en kin net maklik troch in oare organisaasje oernommen wurde.

Dêrnjonken stypje de folgjende omstannichheden de konklúzje dat Sport Fryslân de iennichste serieuze gadingmakker is. Sport Fryslân is fêstige yn Fryslân en wurket yn de hiele provinsje gear mei gemeenten, sportoanbieders en maatskiplike organisaasjes. Troch dizze regionale ferankering slute de aktiviteiten goed oan by de Fryske situaasje en de lokale útfieringspraktyk.

Troch de deistige ynset fan buertsportcoaches hat Sport Fryslân goed ynsjoch yn de winsken, behoeften en mooglikheden fan de doelgroep. Dizze kennis makket it mooglik om aktiviteiten oanslute te litten by de leefwrâld fan dielnimmers en effektyf by te dragen oan gedrachsferoaring.

Sport Fryslân wurket al jierrenlang gear mei de provinsje Fryslân en de Fryske gemeenten oan programma’s op it mêd fan sport, sûnens en previnsje. Dizze langduorjende gearwurking hat laat ta in goed funksjonearjende útfieringsstruktuer en in sterk netwurk fan buertsportcoaches, wêrtroch aktiviteiten effisjint yntegrearre wurde kinne yn besteande programma’s. Hjirtroch kin de útfiering fuortendaliks plakfine en hoecht gjin nije struktuer opboud te wurden.

ROF Wurkplan 2027

Sport Fryslân makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskate partners opinoar oan en folje se inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting by de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, is der de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t de beoogde subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Stichting TeamAlert

Deputearre Steaten binne fan doel om in begruttingssubsydzje te ferlienen oan Stichting TeamAlert foar de útfiering fan ferkearsfeiligensyntervinsjes rjochte op jongeren yn Fryslân. TeamAlert fiert dêrfoar de yntervinsjes Studio Rotonde, Show Yourself, Nuchter op de weg, Blikveld en Bobtival/Bobzone út. Dizze yntervinsjes binne rjochte op ferskate foarmen fan feilich ferkearsgedrach, wêrûnder fytse mei fytsferljochting, de mobile telefoan yn ’e tas hâlde by it fytsen, brommerride sûnder alkohol of drugs, autoride mei in passende snelheid en foarôf in BOB regelje by it útgean, feesten en festivals.

Mei dizze aktiviteiten wol TeamAlert jongeren op wichtige oergongsmominten berikke, wêrûnder de oergong fan it basisûnderwiis nei it fuortset ûnderwiis en it beheljen fan it rydbewiis. TeamAlert docht dêrby trochgeand ûndersyk nei de leefwrâld en it risikogedrach fan jongeren en de faktoaren dy’t dêr ynfloed op hawwe. Dizze ynsjoggen wurde brûkt by de ûntwikkeling en útfiering fan de yntervinsjes. It maksimale subsydzjebedrach is € 110.500,-.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, ûnder c, ûnderdielen i en v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, ûnder b en ûnder c, fan de Beliedsregel konkurrinsjeproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân wurdt TeamAlert oanmurken as de iennichste serieuze gadingmakker foar dizze begruttingssubsydzje.

Motivearring

TeamAlert beskikt oer spesjalistyske kennis fan it ferkearsgedrach en risikogedrach fan jongeren en fan de wize wêrop’t dit gedrach effektyf beynfloede wurde kin. Dizze kennis is troch TeamAlert yn de rin fan ferskate jierren opboud troch struktureel ûndersyk nei de leefwrâld fan jongeren en troch de ûntwikkeling en útfiering fan ferkearsfeiligensyntervinsjes spesifyk foar dizze doelgroep. TeamAlert beskikt dêrby oer in eigen lanlik jongerenpaniel mei likernôch 8.000 jongeren fan 12 oant en mei 24 jier. De ynsjoggen út dit paniel en út it eigen ûndersyk wurde streekrjocht oerset nei de ynhâld, foarm en útfiering fan de yntervinsjes.

De spesjalistyske kennis fan TeamAlert bestiet dêrmei net allinnich út algemiene kennis oer ferkearsfeiligens of jongeren, mar út de kombinaasje fan aktuele kennis fan it ferkearsgedrach fan jongeren, ynsjoch yn harren belibbingswrâld en ûnderfining mei it oersetten dêrfan nei konkrete gedrachsyntervinsjes. Dizze kennis is ek ferwurke yn de troch TeamAlert ûntwikkele yntervinsjes Studio Rotonde, Show Yourself, Nuchter op de weg, Blikveld en Bobtival/Bobzone. Foar de útfiering fan krekt dizze yntervinsjes is de troch TeamAlert opboude spesjalistyske kennis needsaaklik.

Karakteristyk foar de oanpak fan TeamAlert is dêrnjonken dat jongeren fia in peer-to-peer-oanpak benadere wurde. Jongeren wurde dêrby oansprutsen troch leeftydsgenoaten, wêrtroch de wize fan kommunisearjen oanslút by harren belibbingswrâld. TeamAlert kombinearret dizze oanpak mei trochgeand ûndersyk nei it gedrach en risikogedrach fan jongeren. Hjirtroch kinne de yntervinsjes oanpast wurde oan aktuele ûntwikkelingen binnen de doelgroep.

TeamAlert beskikt dêrnjonken oer in yn de rin fan de jierren opboud netwurk foar de útfiering fan ferkearsfeiligensaktiviteiten yn Fryslân. De organisaasje wurket gear mei gemeenten, skoallen, eveneminte-organisaasjes en oare ferkearsfeiligenspartners, wêrûnder SBV en RYD. Binnen dizze gearwurking wurde de ferskate ferkearsfeiligensyntervinsjes opinoar ôfstimd en wurde jongeren op ferskate mominten en fia ferskate kanalen berikt.

De aktiviteiten fan TeamAlert binne dêrby komplementêr oan de projekten fan oare ferkearsfeiligenspartners. De ferskate yntervinsjes foarmje mei-inoar in breed oanbod dat rjochte is op ferskate foarmen fan ferkearsgedrach en op wichtige oergongsmominten yn it libben fan jongeren. De besteande gearwurkingsstruktuer makket it mooglik om de aktiviteiten fan TeamAlert streekrjocht yn gearhing mei de oare ferkearsfeiligensyntervinsjes yn Fryslân út te fieren.

By de beoardieling is fierder fan belang dat TeamAlert in bysûndere bân hat mei de doelgroep. TeamAlert is in organisaasje foar en troch jongeren en belûkt jongeren struktureel by har ûndersyk en aktiviteiten. Troch dizze wurkwize en it eigen jongerenpaniel beskikt TeamAlert oer aktuele kennis fan de ynteresses, behoeften en útdagingen fan jongeren en kin de organisaasje har aktiviteiten dêrop ôfstimme.

Ek is der sprake fan in besteande en langduorjende gearwurking. Troch de jierrenlange gearwurking mei gemeenten, skoallen, eveneminte-organisaasjes en oare ferkearsfeiligenspartners is in útfieringsstruktuer ûntstien wêryn’t de yntervinsjes fan TeamAlert oanslute op de aktiviteiten fan oare partners.

De kombinaasje fan de troch TeamAlert opboude spesjalistyske kennis fan it ferkearsgedrach fan jongeren, de eigen ûndersyks- en peer-to-peer-oanpak, de bysûndere bân mei de doelgroep en it opboude netwurk foar de útfiering fan dizze aktiviteiten makket dat TeamAlert foar dizze aktiviteiten oanmurken wurdt as de iennichste serieuze gadingmakker foar de begruttingssubsydzje.

ROF Wurkplan 2027

TeamAlert makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskate partners opinoar oan en folje se inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting by de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, is der de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t TeamAlert neffens jo net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Stichting VeiligheidNL

Deputearre Steaten binne fan doel om in begruttingssubsydzje te ferlienen oan Stichting VeiligheidNL foar de útfiering fan de projekten Stand up for your ride op mbo- en hbo-skoallen en Klaar voor de start, in groepsyntervinsje rjochte op senioaren. Mei dizze projekten wurdt ynset op it doelgedrach ‘Autoride mei passende snelheid’, ‘Gjin mobyl yn ’e hân by it autoriden’, ‘Bob regelje by útgean, feesten en festivals’, ‘Geregeld fytskilometers meitsjen bliuwe’, ‘Feiligensmiddels brûke by it fytsen’, ‘Fit op ’e fyts stappe en it lykwicht hâlde kinne’, ‘Ophâlde mei fytsen by spesifyk medisyngebrûk’ en ‘In helm drage by it fytsen’. De projekten slute oan op it momint fan it beheljen fan it rydbewiis en op it momint dat âlderdomsklachten sichtber wurde. It maksimale subsydzjebedrach is € 96.850.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, ûnder c, ûnderdielen i en v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, ûnder c, fan de Beliedsregel konkurrinsjeproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat VeiligheidNL de iennichste serieuze gadingmakker is.

Motivearring

Foar de motivearring wurdt ûnderskied makke tusken beide projekten.

Stand up for your ride

VeiligheidNL beskikt oer spesjalistyske kennis dy’t needsaaklik is foar de útfiering fan Stand up for your ride. VeiligheidNL is de Nederlânske lisinsjehâlder fan it programma, dat de Nederlânske oersetting en ymplemintaasje is fan it bewiisd effektive Noarske programma Si infra!. Fanút dizze posysje beheart VeiligheidNL de metodyk en de byhearrende materialen en is de organisaasje belutsen by de fierdere ûntwikkeling en tapassing fan it programma yn de Nederlânske kontekst.

De needsaaklike spesjalistyske kennis is binnen VeiligheidNL fierder opboud troch de streekrjochte belutsenens by de Nederlânske ymplemintaasje fan it programma. De sesjebegelieders binne spesifyk oplaat troch de Noarske ûntwikkelders en beskikke dêrtroch oer ynhâldlike kennis fan de metodyk en de wize wêrop’t dy op de bedoelde wize tapast wurde moat. VeiligheidNL beskikt dêrmei oer in kombinaasje fan kennis fan de oarspronklike metodyk, de Nederlânske tapassing en de útfiering fan it programma dy’t net algemien beskikber is.

Dêrnjonken hat VeiligheidNL as Nederlânske lisinsjehâlder spesifike kennis en ûnderfining mei it útfieren, behearen en fierder ûntwikkeljen fan Stand up for your ride. Hjirtroch is de foar in juste útfiering needsaaklike kennis fan de metodyk en de fierdere ûntwikkeling dêrfan by VeiligheidNL konsintrearre en kinne oare organisaasjes it programma sûnder dizze kennis en belutsenens net selsstannich op deselde wize útfiere.

VeiligheidNL beskikt foar de útfiering fan Stand up for your ride boppedat oer in besteand netwurk fan de SBV, skoallen en oare útfieringspartners yn Fryslân. Binnen dit netwurk binne de belutsen partijen en de útfiering fan it programma opinoar ôfstimd. Hjirtroch kin it projekt pland en útfierd wurde binnen it besteande oanbod fan ferkearsfeiligensaktiviteiten yn Fryslân.

Op fersyk fan de provinsje Fryslân hat VeiligheidNL ûndersocht oft it bewiisd effektive Noarske programma yn Nederlân ymplemintearre wurde koe. Mei stipe fan in troch de provinsje finansierde pilot is it programma mei súkses ymplemintearre en fierder ûntwikkele ta Stand up for your ride. Hjirtroch is in langduorjende gearwurkingsrelaasje ûntstien en is binnen VeiligheidNL in soad kennis opboud oer de tapassing fan it projekt yn Fryslân.

Klaar voor de start

VeiligheidNL beskikt ek foar de útfiering fan Klaar voor de start oer spesjalistyske kennis. VeiligheidNL is it lanlike kennissintrum op it mêd fan falprevinsje en ûntwikkelet wittenskiplik ûnderboude yntervinsjes dy’t bydrage oan feilich en fitaal bewegen. Dizze spesjalistyske kennis foarmet de basis fan de yntervinsje Klaar voor de start, wêrmei’t senioaren taret wurde op feilich fytsen bliuwe.

Foar de útfiering fan Klaar voor de start beskikt VeiligheidNL dêrnjonken oer in lanlik netwurk fan haaddosinten en spesjaal oplaat fysio- en ergoterapeuten. Dit netwurk boarget in kwalitatyf heechweardige en unifoarme útfiering fan de yntervinsje en kin net troch in oare organisaasje ynset wurde.

VeiligheidNL is al ferskate jierren in fêste gearwurkingspartner binnen it Fryske Doortrappenprogramma. Troch dizze langduorjende gearwurking slute de yntervinsjes oan op de oare Doortrappenaktiviteiten en binne de yntervinsjes komplementêr oan inoar. Op dizze wize is in goed funksjonearjende útfieringsstruktuer ûntstien wêryn’t kennis, planning en útfiering opinoar ôfstimd binne.

ROF Wurkplan 2027

VeiligheidNL makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskate partners opinoar oan en folje se inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting by de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, is der de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t de beoogde subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Veilig Verkeer Nederland

Deputearre Steaten binne fan doel om in begruttingssubsydzje te ferlienen oan Veilig Verkeer Nederland (VVN) foar it útfieren fan in breed pakket oan ferkearsûnderwiisprojekten en publyksaksjes, de koördinaasje fan ferkearsûnderwiis yn it basisûnderwiis, ferkearstellingen foar de monitoaring fan de ferkearsfeiligens en trije pilots, rjochte op it stimulearjen fan feilich ferkearsgedrach yn ferskate libbensfazen en resultearjend yn in hegere ferkearsfeiligens yn Fryslân troch in gruttere neilibbing fan it winske ferkearsgedrach en in ôfname fan risikogedrach yn it ferkear. It maksimale subsydzjebedrach is € 513.045.

Op grûn fan artikel 2, twadde lid, ûnder c, ûnderdielen i en v, yn gearhing mei artikel 2, tredde lid, ûnder a en c, fan de Beliedsregel konkurrinsjeproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat Veilig Verkeer Nederland de iennichste serieuze gadingmakker is.

Motivearring

Foar de motivearring wurdt ûnderskied makke tusken de ferkearsûnderwiisprojekten, de koördinaasje fan ferkearsûnderwiis yn it basisûnderwiis, de monitoaring en algemiene omstannichheden.

Ferkearsûnderwiis

VVN beskikt oer spesjalistyske kennis en eigen, foar spesifike doelgroepen ûntwikkele ferkearsûnderwiismetoaden en kampanjes dy’t binnen dizze subsydzje ynset wurde. VVN is ûntwikkelder en rjochthawwer fan ferskate fan dizze metoaden en kampanjes en is dêrnjonken lisinsjehâlder fan ferskate edukative programma’s. De kennis oer de ynhâld, tapassing en doelgroepgerichte ynset fan dizze metoaden is binnen VVN opboud en foarmet in essinsjeel ûnderdiel fan de útfiering fan de ferkearsûnderwiisaktiviteiten. De kombinaasje fan dizze spesjalistyske kennis en de troch VVN ûntwikkele en brûkte metoaden makket dat VVN foar dizze aktiviteiten beskikt oer spesifike saakkundigens en in eigen wurkwize.

Foar de útfiering fan in part fan de aktiviteiten, wêrûnder it Fietsvitaalteam binnen Doortrappen, beskikt VVN oer in wiidweidich netwurk fan oplaat frijwilligers. Dizze frijwilligers binne bekend mei de VVN-metoaden en hawwe ûnderfining mei it jaan fan foarljochting en it begelieden fan ferkearsfeiligensaktiviteiten. Troch de omfang, oplieding, ûnderfining en lokale sprieding fan dit netwurk kin VVN aktiviteiten op grutte skaal en ticht by de doelgroep útfiere. Dit al besteande netwurk is nau ferbûn mei de wurkwize en ferkearsûnderwiismetoaden fan VVN en kin dêrtroch streekrjocht foar de ferskate aktiviteiten ynset wurde.

Koördinaasje basisûnderwiis

VVN ferfollet in sintrale rol yn de koördinaasje fan ferkearsûnderwiis yn it Fryske basisûnderwiis. De organisaasje ûnderhâldt strukturele kontakten mei basisskoallen en wurket nau gear mei de oare útfieringspartners. Hjirtroch kinne fraach en oanbod effisjint opinoar ôfstimd wurde en wurdt in gearhingjend oanbod oan ferkearsûnderwiis realisearre. Troch dizze strukturele kontakten beskikt VVN oer in besteand netwurk binnen it Fryske basisûnderwiis dat streekrjocht ynset wurde kin foar de koördinaasje en útfiering fan ferkearsûnderwiis.

Troch de langduorjende gearwurking mei basisskoallen hat VVN goed ynsjoch yn de behoeften fan skoallen. Hjirtroch slute de ferkearsûnderwiisprojekten oan by de ûnderwiisoanpak en de belibbingswrâld fan bern en kinne de aktiviteiten effektyf ynset wurde op de mominten dat feardichheden ûntwikkele wurde.

Monitoaring (tellingen SPI’s)

Foar de monitoaring fan de ferkearsfeiligens beskikt VVN oer spesjalistyske kennis fan it útfieren en registrearjen fan ferkearstellingen en in dêrop ôfstimde eigen telmetodyk. Underdiel dêrfan is de eigen telapp fan VVN, wêrmei’t ferkearsfeiligensgegevens op in unifoarme en konsekwinte wize sammele en registrearre wurde. De telmetodyk, de tapassing fan de telapp en de kennis dy’t VVN opboud hat oer de útfiering fan dizze tellingen foarmje mei-inoar in spesifike wurkwize foar it sammeljen fan gegevens foar de monitoaring fan de ferkearsfeiligens yn Fryslân. Troch de kombinaasje fan dizze spesjalistyske kennis, de eigen metodyk en de dêrop ynrjochte applikaasje kin VVN de tellingen neffens in unifoarme wurkwize útfiere.

De tellingen wurde útfierd troch in groep belutsen frijwilligers dy’t bekend is mei de telmetodyk en de wurkwize fan VVN. Troch harren ûnderfining en lokale belutsenens kinne de mjittingen op in betroubere en konsekwinte wize útfierd wurde. VVN beskikt dêrmei oer in besteand netwurk fan frijwilligers dat ynwurke is yn de spesifike telmetodyk en streekrjocht ynsetber is foar de útfiering fan de tellingen.

VVN wurket al jierrenlang gear mei de provinsje Fryslân en oare útfieringspartners oan de monitoaring fan ferkearsfeiligens. De sammele gegevens foarmje in wichtige basis foar it evaluearjen fan de Fryske ferkearsfeiligensoanpak en it doelrjochte ûntwikkeljen fan nije yntervinsjes. Troch dizze langduorjende gearwurking binne de monitoaring en de útfiering fan aktiviteiten nau mei-inoar ferbûn en slute se goed oan op de Fryske oanpak.

Algemien

VVN is fêstige op it Verkeerseducatiecentrum (VEC) yn Drachten en is dêrmei lokaal ferankere binnen it netwurk fan ferkearsfeiligenspartners yn Fryslân. Dizze fysike oanwêzigens soarget foar koarte linen mei regionale partijen.

ROF Wurkplan 2027

VVN makket diel út fan it netwurk fan partners dat mei-inoar útfiering jout oan it ROF Wurkplan 2027. Binnen dit netwurk slute de aktiviteiten fan de ferskate partners opinoar oan en folje se inoar oan, wêrtroch in gearhingjend oanbod op it mêd fan ferkearsfeiligens ûntstiet. De gearwurking, ôfstimming en rolferdieling binne it resultaat fan in langduorjend opboude gearwurking en fêste wurkrelaasjes. In ferlykbere posysje binnen dit netwurk en deselde mjitte fan oansluting by de aktiviteiten fan oare partners binne dêrom net sûnder mear mei oare partijen te realisearjen.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, is der de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn ljochtsje jo ta wêrom’t de beoogde subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Publikaasjedatum: 5 oktober 2026
Uterste reaksjedatum: 30 novimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Afûk

Deputearre Steaten binne fan doel om Afûk in begruttingssubsydzje te ferlienen foar it útwreidzjen fan de webside fan Tys & Teske mei ynteraktive praatplaten. It doel dêrfan is om op in boartlike wize it brûken fan de Fryske taal troch jonge bern yn de (foarskoalske) opfang en thús te stimulearjen. Dat moat resultearje yn digitaal beskikbere ynteraktive praatplaten wêrmei't pedagogyske professionals, it ûnderwiisfjild en âlden ferskate tema's mei jonge bern beprate kinne. It maksimale subsydzjebedrach is € 39.940,-.

Op grûn fan kêst 2, twadde lid, ûnder c, ûnderdielen i en v, fan de Beleidsregel mededingingsprocedure begrotingssubsidies provincie Fryslân is fêststeld dat Afûk de iennichste serieuze gadingmakker is.

Motivearring

De provinsje Fryslân hat yn 'e mande mei it Ryk de wetlike taak om de Fryske taal te beskermjen en te befoarderjen. Om dy taak goed út te fieren, wurket de provinsje al jierrenlang gear mei Afûk. Afûk hat spesjalistyske kennis op it mêd fan it ûntwikkeljen fan Frysktalich lesmateriaal foar it ûnderwiis en de foarskoalske opfang.

Dêrnjonken ferfollet Afûk in spesifike rol binnen Taalplan Frysk 2030, in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. Binnen dit projekt wurket Afûk yntinsyf gear mei ferskate taal- en ûnderwiisynstellings, ûnder mear Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Onderwijsbureau Semko, de Rijksuniversiteit Groningen en it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). Dizze partijen wurkje mei-inoar oan in trochgeande learline foar it Frysk, fan de foarskoalske opfang oant it heger ûnderwiis. Binnen dy gearwurking hat Afûk spesifyk de taak om lesmateriaal te ûntwikkeljen dat de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis fersterket. It ûntwikkeljen fan dat materiaal bart yn nauwe gearwurking en ôfstimming mei de oare Taalplan-partners en it Fryske ûnderwiisfjild.

In konkreet foarbyld dêrfan is Tys & Teske, it nije edukative konsept dat Afûk mei stipe fan de provinsje Fryslân ûntwikkele hat as opfolger fan Tomke. It konsept is yn gearwurking mei belutsenen en pedagogyske professionals ûntwikkele foar de foarskoalske edukaasje en is dêrnjonken gaadlik om thús te brûken. Op 21 jannewaris 2026 waarden de nije Fryske pjuttefigueren Tys & Teske offisjeel presintearre.

De foarnommen subsydzje hat betrekking op de fierdere ûntwikkeling fan dit besteande konsept troch de webside fan Tys & Teske út te wreidzjen mei ynteraktive praatplaten. Fanwegen de belutsenheid fan Afûk by de ûntwikkeling fan Tys & Teske, har spesjalistyske kennis fan Frysktalich edukatyf materiaal en har besteande gearwurkingsferbannen binnen it Fryske ûnderwiisfjild beskikt Afûk oer in spesifike kombinaasje fan kennis, ûnderfining en in netwurk dy't fan belang is foar dizze fierdere ûntwikkeling. Oare partijen hawwe net sûnder mear deselde belutsenheid by it besteande konsept en de dêrmei gearhingjende gearwurking mei it ûnderwiisfjild.

As jo of jo organisaasje fan betinken binne dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, hawwe jo de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêryn lizze jo út wêrom't de bedoelde subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

  • Publikaasjedatum: 20 oktober 2026
  • Uterste reaksjedatum: 15 desimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Stichting Alde Fryske Tsjerken

Deputearre Steaten binne foarnimmens in begruttingssubsydzje oan Stichting Alde Fryske Tsjerken te ferheegjen foar it yn stân hâlden fan tsjerken, rjochte op it behâld fan it Fryske tsjerklike erfgoed en it yn stân hâlden fan tsjerklike monumintale wearden. 

It maksimale subsydzjebedrach dêr't de boekjiersubsydzje yn it jier mei ferhege wurdt, is € 65.000. It giet om in boekjiersubsydzje foar 2027 en 2028.

Op grûn fan kêst 2, twadde lid, sub en sub c, ûnderdiel ii, en kêst 3, sub en c, fan de Beliedsregel meitingingsproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat Stichting Alde Fryske Tsjerken de iennichste serieuze gadingmakker is. 

Motivearring

Stichting Alde Fryske Tsjerken fiert meardere aktiviteiten út mei provinsjale subsydzje. Dy motivearring sjocht mar op ien fan de dielaktiviteiten, te witten ynstânhâlding tsjerken, omdat it opheegjen fan de subsydzje dêrop sjocht.

Stichting Alde Fryske Tsjerken hat de tsjerken dy't ûnderhâld nedich hawwe yn eigendom en ûnderhâld. De stichting is troch it Ryk oanwiisd as profesjonele organisaasje foar monumintebehâld yn it ramt fan de rykssubsydzjeregeling ynstânhâlding monuminten. 

Ek hat de stichting in bysûndere bining mei de regio. De stichting rjochtet him spesifyk op Fryslân en is hjir woartele. Boppedat bestiet de gearwurkingsrelaasje tusken de provinsje Fryslân en de stichting al jierren. 

Mei it each op dizze omstannichheden is de stichting by útstek geskikt om de ynstânhâlding fan de oanbelangjende tsjerken út te fieren. Oare partijen kinne reedlikerwize net yn deselde mjitte oan dy omstannichheden foldwaan. 

As jo of jo organisaasje miene foar dizze begruttingssubsydzje yn 'e beneaming komme te kinnen, bestiet de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêr ljochtsje jo yn ta wêrom't de beëage subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is. 

  • Publikaasjedatum: 27 oktober 2026
  • Uterste reaksjedatum: 22 desimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Stichting Steunpunt Monumentenzorg

Deputearre Steaten binne foarnimmens om in begruttingssubsydzje te ferheegjen oan Stichting Steunpunt Monumentenzorg foar it fersoargjen fan earsteline advisearring oan tsjerke-eigeners en tsjerkefyzjegemeenten fia it Koördinaasjepunt Fryske Tsjerken, rjochte op it yntinsivearjen fan petearen mei tsjerke-eigeners út de probleemgroep en tsjerkefisygemeenten, it organisearjen fan in learline en it befoarderjen fan bewustwurding en kennis, en resulterjend stipe oangeande de gebouwen. 

It maksimale subsydzjebedrach dêr't de boekjiersubsydzje yn it jier mei ferhege wurdt is € 20.000. It giet om in boekjiersubsydzje foar de jierren 2027 en 2028. 

Op grûn fan kêst 2, twadde lid, sub c, ûnderdielen i en v, en kêst 3, sub en c, fan de Beliedsregel meitingingsproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat Stichting Steunpunt Monumentenzorg de iennichste serieuze gadingmakker is. 

Motivearring

Stichting Steunpunt Monumentenzorg fiert meardere aktiviteiten út mei provinsjale subsydzje. Dizze motivearring sjocht mar op ien fan de dielaktiviteiten, nammentlik it Koördinaasjepunt Fryske Tsjerken, omdat it opheegjen fan de subsydzje dêrop sjocht.

Stichting Steunpunt Monumentenzorg hat jierrenlange ûnderfining op it mêd fan monumintesoarch en it ferfoljen fan in koördinaasje - en ûndersteuningsrol. De stichting beskikt dêrtroch oer weardefolle en unike spesjalistyske kennis, wêrtroch't it Koördinaasjepunt Fryske Tsjerken optimaal funksjonearret. It hat hjirtroch in grutte mearwearde. Dêrneist wurket de stichting gear mei it Kenniscentrum Herbestemming Noord (St. DBF en partners) en oare partijen út it Platform Fryske Tsjerken. In unyk netwurk yn it monumintesoarchfjild. 

Ek hat de stichting yn dit opsicht in bysûndere bining mei de doelgroep en de regio. De stichting rjochtet him spesifyk op Fryslân en is hjir woartele. De stichting ken boppedat de tsjerkebestjoeren en tsjerke-eigeners. Ek bestiet de gearwurkingsrelaasje tusken de provinsje en de stichting al jierren. 

As jo of jo organisaasje miene foar dizze begruttingssubsydzje yn 'e beneaming komme te kinnen, bestiet de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêr ljochtsje jo yn ta wêrom't de beëage subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

  • Publicaasjedatum: 27 oktober 2026
  • Uterste reaksjedatum: 22 desimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Economic Board Noard-Nederlân troch provinsje Grinslân

Deputearre Steaten fan provinsje Grinslân binne, mei út namme fan deputearre steaten fan provinsje Fryslân en provinsje Drinte, foarnimmens in begruttingskssubsydzje te ferlienen oan VNO-NCW foar Economic Board Noard-Nederlân, rjochte op it stimulearjen fan de noardlike ekonomy en it ferbinen fan belanghawwenden yn Noard-Nederlân. It maksimale subsydzjebedrach is € 50.000. Op grûn fan de Beliedsregel meitingingsproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Grinslân is VNO-NCW oanmurken as iennichste serieuze gadingmakker. Sjoch foar de motivearring ûndersteande link. 

As jo of jo organisaasje miene dat jo foar dizze begruttingssubsydzje yn oanmerking komme kinne, bestiet de mooglikheid om oant en mei tiisdei 1 desimber 2026 fia taheakke link:  Voornemen begrotingssubsidie EBNN 2026 - Provincie Groningen by de provinsje Grinslân in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêr ljochtsje jo yn ta wêrom't de beëage subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

Foarnommen subsydzje oan Vereniging Circulair Friesland (VCF)

Deputearre Steaten binne foarnimmens in begruttingssubsydzje te ferlienen oan Vereniging Circulair Friesland (VCF) foar de útfiering fan aktiviteiten binnen faze 2 fan it Nationaal Groeifonds-project Toekomstbestendige Leefomgeving (NGF TBL). De aktiviteiten binne ûnderdiel fan it programma Fryslân Bouwt Circulair en binne rjochte op it ferhastigjen fan sirkulêr en biobased bouwen yn Fryslân troch de ûntwikkeling en opskaling fan biobased weardeketens te stypjen, it tapassen fan sirkulêre en biobased oplossings yn konkrete bouprojekten te stimulearjen en kennisdieling en gearwurking tusken regionale partijen te fersterkjen. Dat resultearret yn sterkere en nije biobased ketens, mear tapassingsmooglikheden foar sirkulêre en biobased materialen, praktyske stipe fan opdrachtjouwers en in fierdere ferankering fan sirkulêr en biobased bouwe yn de Fryske bousektor. It maksimale subsydzjebedrach is € 231.652. 

Op grûn fan kêst 2, twadde lid, ûnder c, sub i en v, en tredde lid, ûnder b en c, fan de Beliedsregel meitingingsproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat Vereniging Circulair Friesland (VCF) de iennige serieuze gadingmakker is. 

Motivearring

VCF beskikt oer spesjalistyske kennis en praktykûnderfining op it mêd fan sirkulêr en biobased bouwe yn Fryslân. Binnen faze 1 fan it NGF TBL hat VCF bydroegen oan de ûntwikkeling fan regionale biobased ketens, de gearwurking tusken ketenpartners en de stipe fan opdrachtjouwers by sirkulêre bouprojekten. Dy kennis en ûnderfining foarmje de basis foar de aktiviteiten yn faze 2. Oare partijen beskikke net yn deselde mjitte oer de kombinaasje fan dy opboude kennis, praktykûnderfining en oansluting op de resultaten fan faze 1. 

Dêrneist beskikt VCF oer in breed regionaal gearwurkingsnetwurk dêr't Fryske ûndernimmers, boubedriuwen, grûnstofprodusinten, oerheden, wenningkorporaasjes en kennisynstellings mei-inoar yn ferbûn binne. Dit netwurk makket it mooglik om de fraach fan opdrachtjouwers te ferbinen mei it oanbod fan regionale ûndernimmers en de kennis en ynnovaasjekrêft fan ûnderwiis - en kennisynstellings. Dizze netwurkposysje is essinsjeel foar de beëage ketenûntwikkeling, kennisútwikseling en stipe fan opdrachtjouwers. 

VCF hat boppedat in bysûndere bining mei Fryslân en de regionale doelgroep. As gearwurkingsferbân ferbynt de feriening regionale partijen op it mêd fan sirkulêr en biobased bouwe en draacht sy by oan it fersterkjen fan de regionale sirkulêre bou-ekonomy. Ek bestiet der al goed tsien jier in gearwurkingsrelaasje tusken VCF en de provinsje Fryslân. De aktiviteiten yn faze 2 bouwe streekrjocht fierder op de gearwurkingen, kennis en resultaten út faze 1. Fuortsetting troch VCF boarget dêrmei de kontinuïteit en makket it mooglik besteande relaasjes en inisjativen fierder te ûntwikkeljen en op te skalen.

Mei it each op de kombinaasje fan spesjalistyske kennis en praktykûnderfining, it unike regionale netwurk, de bysûndere bining mei de doelgroep en Fryslân en de besteande langduorjende gearwurkingsrelaasje, komt VCF foar de útfiering fan de beskreaune aktiviteiten as iennichste serieuze gadingmakker yn oanmerking. 

As jo of jo organisaasje miene foar dizze begruttingssubsydzje yn 'e beneaming komme te kinnen, bestiet de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêr ljochtsje jo yn ta wêrom't de beëage subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is. 

  • Publikaasjedatum: 28 oktober 2026
  • Uterste reaksjedatum: 23 december 2026

Foarnommen subsydzje oan gemeente Skylge

Deputearre Steaten binne foarnimmens in begruttingssubsydzje te ferlienen oan gemeente Skylge foar it werstel fan de kade fan Skylge yn de perioade 2022 -2029, rjochte op it garandearjen fan de berikberens fan Skylge en it yn stân hâlden fan it iepenbier busferfier op it eilân, en resultearjend yn it werstel fan de kade. It maksimale subsydzjebedrach is € 5.000.000 eksklusyf btw.

Op grûn fan kêst 2, twadde lid, subs a en b, fan de Beliedsregel meitingingsproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat gemeente Skylge de iennige serieuze gadingmakker is, omdat de te subsidiearjen aktiviteit heart ta de wetlike taak fan de gemeente en allinnich mooglik is omdat de haven yn eigendom is fan de gemeente.

Motivearring

De haven fan Skylge is de iennige Waadhaven dy't yn in sadanige steat sit dat ôfsluting derfan driget. Om dit foar te kommen is herstel fan de kademuorren op koarte termyn needsaaklik. Dizze problematyk spilet by gjin fan de oare Waadhavens of oare havens yn de provinsje Fryslân.

De totale ynvestearring foar it werstel fan de kade is € 68 miljoen eksklusyf bt. De kade is eigendom fan de gemeente Skylge. De gemeente is dêrmei ferantwurdlik foar it ûnderhâld en werstel fan de kade. De ynvestearringsopjefte is lykwols finansjeel te grut foar de gemeente om selsstannich te bekostigjen. Omdat de kade essinsjeel is foar de berikberens fan it eilân, hat provinsje Fryslân besletten in bydrage fan € 5 miljoen euro te jaan. De eigen bydrage fan gemeente Skylge bedraacht € 23 miljoen. It Ryk draacht € 35 miljoen by. De € 6 miljoen dy't oerbliuwt moat út fûnsen of alternative finansieringsboarnen komme.

It subsydzje hat as doel de berikberens fan Skylge te garandearjen en dêrmei ek it iepenbier busferfier op it eilân yn stân te hâlden. De bussen moatte oer de kade nei de boat en vice versa om ûnder oare eilanners en toeristen te ferfieren. Ek moatte de elektryske bussen lade kinne op de kade. De laadfasiliteit sit nammentlik op de kade, wêrtroch't dy essinsjeel is foar it iepenbier ferfier op it eilân. 

Omdat gemeente Skylge eigener is fan de kade en ferantwurdlik is foar it ûnderhâld en werstel dêrfan, is de gemeente de iennige partij dy't oan it neamde kritearium foldocht. Oare partijen kinne reedlikerwize net oan dit kritearium foldwaan, omdat sy net de eigener binne en net deselde ferantwurdlikheid foar it herstel fan de kade drage.

As jo of jo organisaasje miene foar dizze begruttingssubsydzje yn 'e beneaming komme te kinnen, bestiet de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêr ljochtsje jo yn ta wêrom't de beëage subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is.

  • Publikaasjedatum: 4 novimber 2026
  • Uterste reaksjedatum: 30 desimber 2026

Foarnommen subsydzje oan Wetsus

Deputearre Steaten binne foarnimmens in begruttingssubsydzje te ferlienen oan Wetsus (pinfierder fan de oanfraach) foar it projekt Ontwikkelingsplan BodemCampus, rjochte op it realisearjen fan in Boaiemkampus dy't de gearwurking tusken kennisynstellings, (mkb-)bedriuwen en netwurken op it mêd fan boaiemsûnens organisatoarysk ferankeret, en resultearjend yn de ûntwikkeling fan in platfoarm foar koöperative ynnovaasje, op it mêd fan eduksje en kêst. 

It maksimale subsydzjebedrach is € 1.050.000. 

Op basis fan kêst 2, twadde lid, sub c, ûnderdielen i en v, fan de Beliedsregel meitingingsproseduere begruttingssubsydzjes provinsje Fryslân is fêststeld dat Wetsus (pinfierder fan in konsortium fan njoggen partijen) de iennige serieuze gadingmakker is. 

Motivearring 

Der bestiet noch gjin Bodemcampus. De oanfraach giet oer in ûntwikkelplan om te kommen ta in Bodemcampus. Dat wurdt dien op basis fan it suksesfolle Wetsus-model. Fertrekpunt fan it ûntwikkelplan is mei de unike kennis fan Wetsus op it mêd fan boaiem.

Wetsus freget as pinnefierder subsydzje oan út namme fan in konsortium fan njoggen Noard-Nederlânske partijen dy't mei-inoar beskikke oer de ambysje, kennis, feardichheden en netwurken om in brede groep organisaasjes yn Noard-Nederlân te mobilisearjen foar ûndersyk, ynnovaasje, edukaasje en businesskreaasje op it mêd fan boaieminginearing. De krêft fan dat inisjatyf leit yn it bondeljen fan dy partijen en harren netwurken, wêrtroch’t mienskiplik wurke wurde kin oan it ûntwikkeljen fan in effektive, fitale en ynklusive Bodemcampus. Elke partij fan it konsortium bringt har eigen ekspertize mei. 

It konsortium beskikt oer in unyk netwurk en is foar it yntsjinjen fan de call in gearwurkingsferbân oangien. It beskikt dêrmei oer sammele spesjalistyske kennis om yn trije jier tiid in Boaiemkampus te realisearjen dy't foarsjocht yn in organisatoaryske ferankering fan de gearwurking tusken kennisynstellings, (mkb -) bedriuwen en netwurken op it mêd fan boaiemsûnens. It opsetten fan dit platfoarm wurdt dien oan 'e hân fan it suksesfolle Wetsus-model. Binnen dat model wurde ynnovaasjemienskippen en tema’s foarme troch komplemintêre bedriuwen, ûndersyks - en ûnderwiisynstellings dy’t gearwurkje oan koöperative ynnovaasje. Dêrby wurdt mienskiplike konsensus berikt oer in ynnovaasjeaginda dy't multydissiplinêr, high-risk / high impact ûndersyk kombinearret mei in sterke oplossingsrjochte wêzen. 

As jo of jo organisaasje miene foar dizze begruttingssubsydzje yn 'e beneaming komme te kinnen, bestiet de mooglikheid om binnen acht (8) wiken nei publikaasje fia it formulier ûnder dit foarnimmen in motivearre reaksje yn te tsjinjen. Dêr ljochtsje jo yn ta wêrom't de beëage subsydzjeûntfanger net de iennichste serieuze gadingmakker is. 

  • Publikaasjedatum: 10 novimber 2026 
  • Uterste reaksjedatum: 5 jannewaris 2027

Betwisten fan in foarnommen subsydzje 

Kenne jo dat jo sels ek as serieuze gadingmakker yn oanmerking komme foar dizze subsydzje? Dan kinne jo dat binnen de reaksjetermyn kenber meitsje. 

Formulier betwisting foarnommen subsydzje

Wat betsjut jo reaksje? 

Mei jo reaksje freegje jo gjin subsydzje oan. 

Jo jouwe oan dat jo mooglik sels as serieuze gadingmakker yn oanmerking komme foar de subsydzje en dat jo it dêrom net iens binne mei it foarnimmen. 

De provinsje belûkt jo reaksje by de beoardieling foardat in beslút naam wurdt. Jo krije berjocht oer de útkomst fan jo reaksje.

Oanfraach projektsubsydzje (allinnich op fersyk fan de provinsje)

Oanfraachformulier projektsubsydzje