As dy laadpeal der komt, is it hielendal kassa
Nei in advys fan KlimOp transformearre doarpshûs De Buorkerij yn Terherne fan in tochtich pân nei in goed isolearre romte. Wêr yn de takomst miskien sels winst mei te meitsjen is. "Earst like it wol as sieten der hielendal gjin ruten yn.”
De Buorkerij, it doarpshûs fan it'kameleondorp ' Terherne, is in prachtich pân dat al jierren brûkt wurdt foar alderhande aktiviteiten: de doarpsbewenners komme der mei-inoar om te kaarten, te koersballen, te line-dancen. No bliuwt it bloed by dy lêste twa aktiviteiten wol pompen, mar wiene benammen de sittende aktiviteiten yn De Buorkerij lange tiid gjin ûnferdield genoegen, want it siigde der ôfgryslik. Troch de stâlruten, fia de doarren, fia it min isolearre dak: oeral kaam de kâlde lucht nei binnen. De dames fan'e pleatslike hantwurkferiening breiden in tsjokke wollen slang yninoar om de slimste kieren te foljen, mar ek dat wie net ôfdwaande: wa't yn'e hjerst - en wintermoannen in jûn yn De Buorkerij trochbringe woe, moast de cv-tsjettel loeie litte as dolle bolle, want alle waarme lucht hie it pân yn in flok en in sucht al wer ferlitten.
Gelokkich feroare dy situaasje de ôfrûne fiif jier danich. Henk Haan, bestjoerslid fan de doarpsferiening fan Terherne, praat der mei de nedige grutskens oer. "Sjoch ris om dy hinne", seit er yn de grutte seal fan De Buorkerij, " fiif jier lyn seach it der hjir net út. Alderwetsk okseread skildere ynterieur en yn de goaten siet it fol swammen. Underhâldsklussen hiene se al dy tiid mei lapwurk opfolle. ” Under Haans entûsjaste lieding waarden estetyske en funksjonele ferbetteringen trochfierd, lykas de bou fan in nagelnije bar, mar folle wichtiger noch: de ferduorsuming fan it pân. Fia it KlimOp-programma kaam er yn oanrekking mei Jelte Pars, ferduorsumingscoach fan Middelsee advys & consultancy. Haan skrok him in huodsje. “ Pars rûn hjir de earste kear rûn mei in ynfrareadkamera, wêrmei’t je krekt sjen koene wêr’t de tocht wei kaam. No, it like wol oft der hielendal gjin finsters yn sieten.”
De grutste winst foel lykwols te beheljen yn de isolaasje fan it dak. Dat wie noch op in âlderwetske wize isolearre, mei in leech strie. Haan: “ Dêr hast net folle oan. De stookte waarmte waait der sa troch nei bûten. Dêr foel dus de grutste klap te meitsjen, want de isolaasje fan de flier of fan de spouwe bliek net mooglik. Yn septimber dit jier is it komplete ferduorsumingsplan útfierd en is it dak en de hoeken fan it gebou mei 18 sintimeter dik isolaasjemateriaal oan de moderne tiid oanpast. Ek de isolaasje fan de ruten en doarren waard oanpast, wêrtroch't der al stikken minder hurd stookt wurde sil.
Mar Haan, dy't in eftergrûn as ûndernimmer hat en in noaske foar kânsen, liet it net by isolearjen allinnich. "We woene, seker doe't de enerzjyprizen de ôfrûne jierren de loft yn skeaten, net langer folslein ôfhinklik binne fan enerzjyleveransiers. We ha in ekspert delkomme litten om te bepalen oft der ek sinnepanielen op it dak stean koene, mar dy kaam nei in lang rapport spitigernôch ta de konklúzje dat der troch de swakte fan it dak noch gjin ien paniel op lizze mocht. ”Mar op it folle nijere dak fan in bygebou fan De Buorkerij mocht dat gelokkich wól, wêrtroch't der no, mei troch in subsydzje fan 30.000 euro fan it Iepen Mienskipsfûns, 23 sinnepanielen op de saneamde hûskeamer pronkje: mear as genôch stroom op te wekken foar it pân. En wat oer is, dat wol Haan miskien yn de takomst wol oanbiede fia in laadpeal mei twa stekkers foar de auto." Wy wekke de measte stroom op yn de maitiid en de simmer, en dat is dan ek krekt de tiid wêrop't hjir yn Terherne de measte toeristen binne. Dy't fansels ek faak mei de elektryske auto komme. Net elkenien yn de feriening sjocht dy plannen sit.