Advizen Subsydzjeregeling Keunstynstellings Fryslân 2026 -2028

Foaropwurd 

Mei in soad entûsjasme hat de advyskommisje Kulturele Ynfrastruktuer him de ôfrûne moannen bûgd oer de 36 yntsjinne oanfragen. Krekt as yn de foarige subsydzjeperioade wie de kommisje bûtengewoan bliid ferrast mei de kwaliteit fan de plannen. Dy biede in prachtige ynsjoch yn in wiidweidich, fariearre palet fan de kulturele sektor yn Fryslân. No falt ek op dat in soad selskippen, makkers, musisy en oare keunstners harren orizjinele plannen oansprekkend ferwurdzje. 

De kommisje sinjalearret in taname fan teäteraktiviteit, wêrby't benammen jonge selskippen omtinken opeaskje mei frisse plannen wêrby't de makkers goed sjogge nei harren biotoop en rûzige besluten dêr't sy harren wurk sjen litte. 

Spitigernôch ûntkomt ek de provinsje net oan besunigingen. De lanlike tendins is dat by oerheden sa'n tsien persint besunige wurdt yn de kommende keunsteplanperioade. Dat is yn Fryslân net oars. De kommisje ropt de gemeenten op mei harren bydragen oan de essinsjele ynfrastruktuer mei muzyk, teäter, film, byldzjende keunst ek genôch stipe jaan te bliuwen yn de kommende jierren. 

De provinsje hat yn de ôfrûne jierren in soad ynvestearre yn kultuer en dat hat taastbere resultaten opsmiten. De effekten fan Ljouwert 2018 binne noch hieltyd fielber. Nettsjinsteande de ûnûntkombere besunigings is de kommisje fan betinken dat Fryslân ek yn de oankommende jierren in tige brede provinsje bliuwt wêryn’t alle keunstfoarmen, elk op harren eigen wize, kreatyf sterk fertsjintwurdige binne. De kommisje is dêr grutsk op. 

Dennis Wiersma, foarsitter 

Juny 2025

Gearstelling Kommisje

  • Dhr. Dennis Wiersma (foarsitter)
  • Mw. Ankie Boomstra
  • Dhr. Dirk de Bruin
  • Mw. Maaike van den Hoek
  • Mw. Goska Isphording
  • Dhr. Jos Schuring

Ynsjen rangskikking en advizen

De rangskikking en de yndividuele advizen foar dizze tenderregeling binne beskikber foar belanghawwenden. 

Om soarchfâldige ferstrekking fan ynformaasje te garandearjen, kinne belanghawwenden dy stikken op fersyk by ús opfreegje.