Aktualisaasje Natuurnetwerk Nederland 2026

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe op 31 maart 2026 de ûntwerpkaart Actualisatie Natuurnetwerk Nederland 2026 fêststeld.

Wat is it Natuernetwurk Nederlân? 

It Natuernetwurk Nederlân is it Nederlânsk netwurk fan besteande en nij oan te lizzen natuergebieten. It netwurk moat natuergebieten better ferbine mei-inoar en mei it agrarysk gebiet deromhinne. De provinsjes binne ferantwurdlik foar it Natuurnetwerk Nederland op it lân en It Ryk is systeemferantwurdlik foar de natuer yn de grutte wetters binnen de Rykswetters. 

De begrinzging en bepalingen oer it Natuernetwurk Nederlân hat de provinsje fêstlein yn de Omjouwingsferoardening Fryslân 2022. De geometryske begrinzing is fêstlein op de kaart natuernetwurk Nederlân yn Taheakke 2.4.

Digitale kaart wizigingen 2026

Dizze kaart jout oan wêr't wizigingen trochfierd binne yn it Natuernetwurk Nederlân. It giet om gebieten dy't taheakke binne, út de begrinzing helle binne of planologysk wizige wurde

Wizigingen Natuernetwurk Nederlân  

As jo de grutte kaart iepenje yn in nij tabblêd kinne jo fia de knoppen rjochtsboppe yn it skerm fan kaartbyld wikselje en de leginda iepenje. Sa kinne jo njonken de wizigingen ek it hjoeddeistige Natuernetwurk Nederlân ynsjen.

Sjenswize yntsjinje 

Hawwe jo beswier tsjin de wizigingen dy't no foarlizze. Dan kinne jo in sjenswize yntsjinje op it Actualisaasje Natuurnetwerk Nederland 2026, dat jildt allinnich foar de grinswizigingen. Dêr kinne jo gebrûk foar meitsje fan ûndersteand digitaal formulier. Wolle jo de sjenswize leaver oer de post stjoere? Dan kinne jo it formulier ûnderoan de side downloade en ynfolje. It postadres is op it formulier fermeld. Wolle jo de sjenswize leaver oer de email ferstjoere, dan kinne jo dy rjochtsje oan: SANL@fryslan.frl

Iepenje it sjenswizeformulier

Jo kinne in sjenswize yntsjinje fan 13 april o/m 25 maaie 2026

As jo jo sjenswize ferstjoerd hawwe krije jo fan de provinsje in ûntfangstbefêstiging, dat kin in pear dagen duorje. Dêrnei wurde de sjenswizen bondele, beoardiele en ferwurke yn in reaksjenota. Op basis fan de reaksjenota stelle Deputearre Steaten de wizigingen Natuurnetwerk Nederland 2025 fêst. Nei it fêststellen krije jo in antwurdbrief mei dêryn de beoardieling fan jo sjenswize.

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25 of provincie@fryslan.frl. Sy helpe jo graach fierder.