Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe op 29 juny 2021 it Natuerbehearplan Fryslân 2022 fêststeld.

Wat stiet yn it natuerbehearplan?

Yn it natuerbehearplan jout de provinsje oan foar hokker gebieten yn Fryslân subsydzje oanfrege wurde kin foar it behear fan natuer, agraryske natuer en lânskipseleminten en wat de betingsten dêrfoar binne.

Digitale kaart

Dizze kaart jout in yndikaasje oer de subsydzjemooglikheden. Agrarysk natuer- en lânskipsbehear kin allinnich oanfrege wurde binnen de libbensgebieten. In natuerbeheartype jout oan wêrfoar, mits iepensteld, subsydzje oanfrege wurde kin. De ambysjekaart jout oan hokker behear op lange termyn winsklik is. Yn it Natuerbehearplan Fryslân 2022 kinne jo hjir mear oer lêze.

Iepenje grutte kaart (mei mear ynformaasje en leginda)(eksterne keppeling)

As de grutte kaart iepenet yn in nij tabblêd, kinne jo fia de knop ‘Content’ (links boppe) wikselje fan kaartbyld. Sa kinne jo neist de beheartypekaart ek noch de ambysjekaart, agrarysk sykgebietkaart en alle wizigingen sjen yn ferliking mei it foarige plan.

Berop yntsjinje

Binne jo it net iens mei it nommen beslút of de werjeften op de digitale kaarten. Dan kinne jo fan 3 july oant en mei 15 augustus 2021 in beropskrift yntsjinje tsjin it Natuerbehearplan Fryslân 2022. Jo kinne in beropsskrift yntsjinje wannear:

  • jo in sjenswize yntsjinne hawwe op it ûntwerp Natuerbehearplan 2021, of;
  • jo kinne oantoane dat jo troch omstannichheden gjin sjenswizwe op it úntwerp-Natuerbehearplan 2021 yntsjinje koenen, of;
  • de wizigingen nei oanlieding fan in yntsjinne sjenswize in negatyf effekt foar jo hawwe.

In beropskrift kinne jo yntsjinje fan 3 july oant en mei 15 augustus 2021 by de Rjochtbank Noard-nederlân ôfdieling bestjoersrjocht, Postbus 150, 9700 AD Grins.

Yn it beroepschrift tsjinnet jo yn elk gefal te neamen:

  • Jo namme en adres;
  • De datum wêropt jo it beropskrift yntsjinje;
  • In omskriuwing fan it beslút waartsjin jo in berop yntsjinje;
  • Wêrom jo it berop intsjinje.

Mear ynformaasje

Eftergrûnynformaasje oer (agrarysk) natuer- en lânskipsbehear kinne jo fine op de lanlike site www.bij12.nl(eksterne keppeling). Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantcontactcentrum fia 058 – 292 59 25 of provincie@fryslanl.frl. Sy helpe jo graach fierder.