De Fryske taal en kultuer wurdt beskerme en befoardere troch ferskillende wetten en ferdraggen op provinsjaal, nasjonaal en Europeesk nivo. Op dizze side wurdt koart úteinset hokker ferdraggen op it Frysk fan tapassing binne. Dat foarmet it ramt wêryn de ynspannings fan de provinsje oangeande de Fryske taal en kultuer útfierd wurde.

Europeesk nivo

In kearntaak fan de Ried fan Europa is it beskermjen en befoarderjen fan de rykdom en diversiteit fan it talich en kultureel erfskip yn de Europeeske Uny. Regionale en minderheidstalen binne dêr in wêzentlik ûnderdiel fan. Beliedsmaatregelen omtrint regionale en minderheidstalen yn Europa wurde regulearre troch de European Charter for Regional or Minority Languages en it European Framework Convention of National Minorities.

It European Charter for Regional or Minority Languages(eksterne keppeling) (Europeesk hânfêst foar regionale of minderheidstalen) is yn 1992 troch Nederlân ûndertekene, yn 1996 ratifisearre en it waard yn 1998 fan krêft. Diel II fan it hânfêst is ûndertekene foar alle erkende minderheidstalen yn Nederlân, te witten it Limboargsk, Nedersaksysk, Romany, Jiddysk en it Frysk. Dêrnjonken is diel III, it heechste nivo fan it hânfêst, foar it Frysk fan krêft.

De Nederlânske oerheid hat it European Framework Convention of National Minorities (Europeesk ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden(eksterne keppeling)) yn 2005 ratifisearre. Troch it ramtferdrach te ratifisearjen, ferplichtet in steat himsels gelykweardigens fan persoanen dy’t ta in minderheid behearre te behâlden en boargjen. Ek stiet de steat de boargers ta har kultuer, religy, taal en tradysjes út te drukken en te behâlden.

Nasjonaal nivo

De ferantwurdlikheid fan de ryksoerheid om noed te stean foar de Fryske taal is yn 1970 offisjeel erkend yn it kabinetsstânpunt oangeande it rapport fan de Kommisje Fryske Taalpolityk. Dêrnjonken is Nederlân as lidsteat fan de Ried fan Europa, troch it ratifisearjen fan de Framework Convention for the Protection of Minorities en de European Charter of Regional or Minority Languages de ferplichting oangien om it Frysk te boargjen. Hjir wurdt mei ferskillende wetten en regelingen útfiering oan jûn:

Ek yn de besteande ûnderwiiswetten is it Frysk ferankere:

Provinsjaal nivo

De provinsje makket har eigen belieds- en útfieringsplannen dy’t basearre binne op en yn oerienstimming binne mei Europeeske en nasjonale ferdraggen en wetten. Provinsjale Steaten fan Fryslân meitsje in wêzentlik jildbedrach frij foar de útfiering. Yn de rinnende beliedsperioade 2021 – 2024 sil likernôch 8,5 miljoen euro it jier ynvestearre wurde yn de Fryske taal.