75 jier Kneppelfreed: Fryslân stiet stil by de rol fan taal yn it rjocht
It Frysk is njonken it Nederlânsk in offisjele taal yn ‘e provinsje Fryslân. Hoe folje wy yn in twatalige provinsje de begripen rjochtfeardigens, frijheid en demokrasy yn, dy’t beide talen rjocht dogge? Presys 75 jier nei it histoaryske barren Kneppelfreed (Knuppelvrijdag) stiet Fryslân stil by dy fragen. Op 20 en 21 novimber 2026 organisearje rjochtbank Noard-Nederlân, gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert en Provinsje Fryslân in programma dêr’t dat histoaryske barren mei de wrâld fan no yn ferbûn wurdt.
Op 16 novimber 1951 wie it histoaryske barren dat letter Kneppelfreed hjitte soe. De Fryske dichter en sjoernalist Fedde Schurer kaam by in rjochtsaak yn Ljouwert op foar it rjocht om Frysk te praten yn de rjochtseal. Want oant dy tiid ta koene Friezen yn Fryslân net yn harren eigen taal by de rjochter telâne. Bûten de rjochtseal rûn it út ‘e hân, wêrby’t de plysje kneppels brûkte – dêrom de namme ‘Kneppelfreed’. Dat luts lanlik omtinken en waard in wichtich kearpunt yn ‘e striid foar erkenning fan it Frysk.
Jongerein ûntdekt wat taal en rjocht mei inoar te krijen hawwe
Op freed 20 novimber is der yn it Paleis fan Justysje in ynteraktyf jongereinprogramma foar Fryske basisskoalle- en mbû-learlingen. Mei ûnder oare neispile rjochtsittings en aktiviteiten ûntdekke sy wat Kneppelfreed foar taal, rjocht en demokrasy betsjut. De aktiviteiten meitsje ûnderdiel út fan in lesprogramma oer boargerskip en de Fryske taal dat de skoallen yn oanrin nei 20 novimber trochrûn hawwe.
Freedtejûn is it Paleis fan Justysje ien fan de lokaasjes fan de Ferhalejûn. Fjouwer fertellers nimme besikers mei yn ferhalen oer Kneppelfreed, taal en bysûndere barrens.
Kneppelfestival foar in breed publyk
Op sneon 21 novimber is it Paleis fan Justysje iepen foar it Kneppelfestival. Besikers, fan jong oant âld, kinne ûnder oare neispile rjochtsittings bywenje, dielnimme oan workshops fan bygelyks de bekende advokaat Job Knoester en rjochtbanktekener Petra Urban, of meidwaan oan in kwis fan de populêre ‘Fryske Flogger’. Der is ek de útstalling Museum Kneppelfreed en besikers kinne yn petear gean mei in rjochter, advokaat of offisier fan justysje. Der binne meardere aktiviteiten oer taal en mei in oangripende slachtofferpodcast komst mear te witten oer de wurking fan de rjochtspraak. De dei wurdt ôfsletten mei de Fedde Schurer Lêzing, wêryn’t twa foaroansteande Friezen harren fisy op it tema Fryske taal jouwe.
Praktyske ynformaasje
- Freed 20 novimber 2026: jongereinprogramma fan 9.00 oant 12.30 oere; Ferhalejûn Fryslân fan 19.00 oant 22.00 oere.
- Sneon 21 novimber 2026: Kneppelfestival fan 9.30 oant 17.00 oere.
- Lokaasje: Paleis fan Justysje en gerjochtsgebou, Ljouwert.
Mear ynfo: Praktische informatie over Kneppelfestival op 21 november in Leeuwarden | Rechtspraak