6072 fêstigjen opstalrjocht yn en tichteby it Burgumer Mar te Burgum
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar it fêstigjen fan in opstalrjocht op in stripe grûn yn en tichtby it Burgumer Mar te Burgum foar it oanlizzen, hâlden, ûnderhâlden, wizigjen, útwreidzjen en ferfangen of fuort heljen fan ien of meardere middenspanningsferbiningen, en ek wurken foar telekommunikaasje mei fierder tabehearren, sa't hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| OTM00N 00546 | 0.26.25 ha | 0.01.20 ha | 0.25.05 ha |
| OTM00G 02272 | 25.36.60 ha | 0.00.37 ha | 25.36.23 ha |
| BGM02I 01574 | 5.29.00 ha | 0.01.11 ha | 5.27.89 ha |
| BGM02I 01573 | 4.67.90 ha | 0.02.09 ha | 4.65.81 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker omdat foar de nedige oanlis en/of útwreiding fan it enerzjynetwurk kabels en liedingen oanbrocht wurde moatte en dat soks allinnich útfierd wurde kin troch de iennige netbehearder yn de regio.
De provinsje is koart fan betinken dat de netbehearder de iennige serieuze gadingmakker is foar it brûken fan opstalrjocht fan de oanbelangjende grûn.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante van 18-07-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of sec_vastgoed@fryslan.frl