6069 ferkeap grûn tichteby de N359 Boalsert
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan trije stripen grûn grinzjende oan de N359 en/of grinzjende oan de Wibrandawei yn Boalsert, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| WMS03G 00724 | 0.08.22 ha | 0.08.22 ha | 0.00.00 ha |
| WMS03G 00755 | 0.20.97 ha | 0.20.97 ha | 0.00.00 ha |
| WMS03G 00757 | 0.15.24 ha | 0.15.24 ha | 0.00.00 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn feitlik ien gehiel foarmet mei de perselen derneist fan keaper en is allinnich fia de eigen grûn fan keaper berikber.
Fierder hat de provinsje dizze grûn earder fan keaper oankocht foar in projekt dat yntusken fierhinne ôfrûne is. Op grûn fan de makke ôfspraken beskikt de keaper oer it rjocht de oanbelangjende grûn werom te keapjen.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje Ljouwerter Krante fan 04-07-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear R. Prins, berikber op 058-292 5256 of r.prins@fryslan.frl.