6. Waadrinne lytse groepen

Fia dizze side freegje jo as persoan (gids) in waadrinfergunning oan foar it organisearjen fan waadrintochten mei groepen oant maksimaal 12 persoanen, dy 't allinnich rinne ûnder jo begelieding en ferantwurdlikheid.
Fergunning oanfreegje
Foardat jo dizze fergunning oanfreegje kinne, moatte jo earst it eksamen ta gids ôflizze. Mear ynformaasje hjiroer is te finen op www.wadloopgidsexamen.nl
Foar it ynfoljen fan dit formulier hawwe jo DigiD nedich.
Goed om te witten
De fergunning dy't jo oanfreegje, is jildich oant 1 maart 2032. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier krije jo binnen 8 wiken de fergunning. Dy fergunning kostet € 139,00. De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Mochten jo noch foar dit jier in fergunning wolle, dan jildt it folgjende:
De fergunning dy 't jo oanfreegje, is jildich oant 1 maart 2026. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier krije jo binnen 8 wiken de fergunning. Dy fergunning kostet likernôch € 181,00 (€ 139,00 foar de fergunning en € 41,00 foar de waadrinpas). De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Help en Rêdingsmiddels
Ien fan de bylagen dy't by de oanfraach üpload wurde moat, is in oersjoch fan de oanwêzige help- en rêdingsmiddels. Yn de úteinlike fergunning stiet dizze list opnommen fan help - en rêdingsmiddels dy't yn in waadrintocht meinommen wurde moatte. Jo kinne dizze list as Word-bestân uploade by jo oanfraach.
De fergunninghâlder moat meinimme:
- in goed wurkjende floeistof of digitaal kompas (GPS wurdt sterk oanrekommandearre)
- in rêdingsline (fan minimaal 25 m)
- in rêdingstekken
- in fluit dy't dúdlik te hearren is
-
EHBO-ferbândoaze:
- foarknipte pleisters
- betadine-joadium of oar wen-ûntsmettend middel
- snelferbân 12 x 12 en 18 x 18 sm of snelferbân op rol
- selkleavjende swachtels
- ferbânskjirre
- ankeltape
- paracetamol
- materiaal om in draachber te kreëarjen
- in goed wurkjend horloazje
- op syn minst 2 hânlike ljochten en/of falskermljochten mei SOLAS keurmerk
- in list mei telefoannûmers fan persoanen en ynstânsjes dy't by ûngemakken warskôge wurde moatte
-
in oersjoch mei dêrop:
- datum en tiidstip tocht
- namme fergunninghâlder
- nammen en kontaktgegevens dielnimmers (nûmere oersjoch)
- nammen en kontaktgegevens begelieders en gidsen (nûmere oersjoch)
- in troch it Ryksynspeksje Digitale Ynfrastruktuer (RDI) goedkarde maritime portofoan
- in goed wurkjende telefoan
- in bywurke rûtekaart dêr't de posysje fan de groep permanint op ôflêzen wurde kin
- in útwurke tiidskema foar dy dei en dy tocht
As guon gegevens analooch / digitaal beskikber binne, is dat ek genôch.
Fragen
Hawwe jo fragen? Dan kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 89 95 of maile nei wadlopen@fryslan.frl.