5836 ynbring ferskate perselen ûndergrûn wetter en brêge Prinses Margrietkanaal te Burgum

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt ferskate perselen (ûndergrûn) wetter fan it Prinses Margrietkanaal te Burgum en in part fan de ûndergrûn brêge oan de Van Harinxmaweg te Burgum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
BGM02G 074970.08.57 ha0.08.57 ha 
BGM02H 0401512.06.19 ha12.06.19 ha 
BGM02H 040160.12.70 ha0.12.70 ha 
BGM02H 040804.60.87 ha4.60.87 ha 
OTM00I 009930.08.05 ha0.08.05 ha 
Bovenaanzicht van de aangeboden percelen.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruil.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat (de ûndergrûn fan) it wetter ûnderdiel útmakket fan it Prinses Margrietkanaal en de grûn ûnderdiel is fan de ûndergrûn fan de brêge en dêrom tadield wurdt oan De Staat.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende perselen.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(24-01-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

frou S. Steringa, berikber op 058 - 292 50 10 of s.steringa@fryslan.frl