4720 ynbring inkele perselen grûn oan de Gracht te Scherpenzeel

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt inkele perselen grûn oan de Gracht te Scherpenzeel, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
ODT00K 00291 (N487)1.51.55 ha1.51.55 ha
ODT00K 00295 (N488)5.51.60 ha5.51.60 ha
ODT00K 00398 (N489)1.60.50 ha1.60.50 ha
Bovenaanzicht van de aangeboden percelen.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat it oanbelangjende perseel 398 fysyk ûnderdiel útmakket fan de neistlizzende kavel fan keaper en de grûn allinnich fia syn perseel is te berikken. Perseel 398 is min ofte mear woeste grûn mei in agraryske bestimming. Nei fean-ôfgraving is it perseel net wer yn kultuer brocht, keaper hat it perseel al (meardere jierren) yn gebrûk. De oarspronklike tagong fan de iepenbiere dyk ôf fia de foarlizzende wen-kavel is blokkearre troch de bou fan in skuorre. De iennichste logyske tagong is no fia de kavel fan koper. 

De te ferkeapjen perselen 291 en 295 binne troch erfpacht al in lang skoft by keaper yn gebrûk. De provinsje is fan betinken dat it winsklik is om it bleat-eigendom fan de perselen oan keaper te ferkeapjen. Middels ruil stelt keaper tichteby lizzende eigen grûnen grinzjend oan NNN beskikber. Boppedat wurdt mei keaper in langduorjende pacht-situaasje beëinige, wêrtroch’t de provinsje Fryslân noch in oanfoljende reden en belang hat om mei keaper in oerienkomst te sluten.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(03-05-2025 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear C.IJ. Hiemstra, berikber op 06 - 53 82 79 60 of c.hiemstra@fryslan.frl