Zandstrand met allemaal schelpen en aan de horizon lopen twee personen

Fia dizze side freegje jo as persoan (begelieder) in fergunning oan foar it meirinnen as begelieder foar organisaasjes of foar natuerlike persoan foar natuer-edukative tochten, drûchfallende platenen grutte groepen ûnder begelieding fan ien of meardere gidsen / begelieders. 

  • Foar de drûchfallende platen op it hiele Nederlânske Waad jildt in fergunningplicht foar in foar anker lizzend fartúch mei mear as 50 persoanen dy 't op deselde plaat of kwelders as it fartúch befine en dy binnen in straal fan 500 meter fan it fartúch bliuwe.
  • Yn Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân binne 26 gebieten oanwiisd dêr 't natuer-edukative tochten hâlden wurde meie (sjoch ûndersteand kaartsjes ). Yn jo oanfraach jouwe jo oan foar hokker gebieten jo in fergunning hawwe wolle. By natuer-edukative tochten stiet edukaasje en ûntspanning sintraal. 
  • Oanwiisde gebieten natuer-edukative tochten
  • Oersjoch 26 oanwiisde gebieten natuer-edukative tochten 

Dêrneist jildt yn alle provinsjes in frijstelling foar tochten op drûchfallende platen, as foldien wurdt oan de folgjende betingsten:

  • It fartúch in maksimale kapasiteit hat fan 50 persoanen.
  • Der wurdt net fierder as 500 meter fan de boat rûn.
  • Der wurdt beskikt oer in Sylbewiis.
  • Men gjin soalen oerstekt by it ynrinnen fan drûchfallende platen.
  • Derfoar soarge wurdt dat in begelieder de groep byinoar hâldt en de groep net útswaarmje sil oer de plaat.

Fergunning oanfreegje 

E-learning

Foarôfgeand oan it oanfreegjen fan dizze fergunning is it ferplichte dizze e-learning te trochrinnen. It is belangryk dat jo kennis hawwe fan it Waad, foardat jo tochten begjint te rinnen. It trochrinnen fan dizze e-learning kostet 2 oant 3 oeren. Nei it ôfrûnjen fan de einopdracht krije jo in sertifikaat (PDF ). Dit bestân hawwe jo nedich by de oanfraach fan de fergunning.

Fergunning oanfreegje

Foar it ynfoljen fan dit formulier hawwe jo DigiD nedich. Dêrneist moatte jo boppesteande e-learning trochrûn hawwe en it krigen sertifikaat uploade by jo fergunningoanfraach.

Goed om te witten

De fergunning dy 't jo oanfreegje, is jildich oant 1 maart 2026. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier krije jo binnen 8 wiken de fergunning. Dy fergunning kostet likernôch € 82,- (€ 41,- foar it beslut en € 41,-  foar de waadrinpas. De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân(eksterne keppeling).

Fragen

Hawwe jo fragen? Dan kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 89 95 of maile fia wadlopen@fryslan.frl.