3706 ynbring trije kavels grûn yn it NNN-gebiet yn de Surhúzemermieden

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt trije perselen grûn oan de Heawei te Surhuizum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
SHZ00A 027262.10.50 ha2.10.50 ha
SHZ00A 002402.10.70 ha2.10.70 ha
SHZ00A 020981.00.80 ha1.00.80 ha
SHZ00A 020991.06.60 ha1.06.60 ha
Schematisch bovenaanzicht van het perceel

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de grûn dy't de oare partij leveret oan de provinsje ien fan de lêste krúsjale perselen is foar de ynrjochting fan it natuergebiet Surhuzumermieden, en de provinsje net fan betinken is dat der oare gadingmakkers binne dy't foar de ynrjochting fan it natuergebiet Surhuzumermieden, yn deselde graad krúsjaal binne (krúsjaal wol sizze: ien fan de lêste grûneigeners binne, lizzend binnen it NNN-gebiet Surhuzumermieden, dy’t op dit stuit noch gjin natuerbehear op harren perselen útfiere), en hjirby de foarkar hawwe om dizze ynbring van kavels te krijen.

De ynbring is foar in part ynsletten troch perselen fan de oare partij en de iepenbiere wei. De situaasje nei ynbring fan dizze grûn is dus ek geunstich foar de lânboustrukteur.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de oare partij de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante 20-06-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear M.E. Spoelstra, berikber op 058-292 8717 of m.e.spoelstra@fryslan.frl