3686 ynbring trije kavels grûn oan It Oast te Augustinusgea en oan de N358 tichteby Augustinusgea

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt trije kavels grûn oan It Oast te Augustinusgea en oan de N358 tichteby Augustinusgea, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
DGH00C 000311.46.50 ha1.46.50 ha 
DGH00C 019401.95.40 ha1.95.40 ha 
DGH00C 019410.73.50 ha0.73.50 ha 
DGH00C 019552.22.80 ha2.22.80 ha 
DGH00C 016191.08.80 ha1.08.80 ha 
DGH00B 030711.66.95 ha1.66.95 ha 
Bovenaanzicht van de aangeboden percelen.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat om’t keaper 1,5 - 2 hektare grûn leveret dat leit yn it begrinzge Natuer Netwurk Nederlân (NNN) gebiet de Surhuzumer Mieden en dêrmei direkt bydraacht oan de NNN-doelen fan de provinsje. Dêrneist binne twa fan de yn te bringen kavels oan trije kanten ynsletten troch perselen fan de keaper, en ien fan de te ferkeapjen kavels oan twa kanten is ynsletten troch perselen fan de keaper, wêrtroch't de provinsje fan betinken is dat dit de meast gadingmakker partij is foar de kavels út oerwaging fan de lânbou struktuer. As lêste leveret keaper in part fan in perseel fan 2 - 2,5 hektare oan de provinsje Fryslân foar fierdere ruilingen mei tredden foar it winnen fan beheinde grûnen yn it NNNN-gebiet de Surhuzumer Mieden.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante fan 28-11-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear J. Fokkema, berikber op 058 - 292 59 25 of j.fokkema@fryslan.frl.