3676 ynbring 2 kavels grûn tichteby de Hamster Feart en tichteby de Kromelle te Droegeham
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt twa kavels grûn tichteby de Hamster Feart en tichteby de Kromelle te Droegeham, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| DGH00F 00016 | 1.54.80 ha | 1.54.80 ha | |
| DGH00F 03535 | 2.14.00 ha | 2.14.00 ha | |
| DGH00F 00046 | 0.70.20 ha | 0.70.20 ha | |
| DGH00F 00041 | 0.92.00 ha | 0.92.00 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat keaper ien fan de lêste net-ynrjochte Natuer Netwurk Nederlân (NNN) grûn leveret yn it natuergebiet de Drogehamstermieden oan de westkant fan de Hamster Feart (sa. 3 – 3,5 bunder). De natuer doelen oan de eastkant fan de Hamster Feart binne op it stuit net helber, en de provinsje set dêrom in part fan har grûn posysje oan de eastkant fan de Hamster Feart yn om de realisaasje fan robúste stikken natuer oan de westkant slagje te litten. De provinsje is fan betinken dat der gjin oare gadingmakkers binne dy't foar de realisaasje fan op syn minst 3 – 3,5 hektare begrinzge NNN-grûn yn de Drogehamstermieden dy tadieling ûntfange wolle.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante fan 28-11-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear J. Fokkema, berikber op 058 - 292 59 25 of j.fokkema@fryslan.frl.