2381 ynbring ferskate restperselen ynfra en grien oan en tichteby de N381 en in part evenemententerrein te Donkerbroek

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt de ruiling fan ferskate restperselen ynfra en grien oan en tichteby de N381 en in part evenemententerrein te Donkerbroek, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
OTW02D 024300.14.88 ha0.14.88 ha
OTW02C 070280.33.67 ha0.33.67 ha
DKB00E 011840.00.70 ha0.00.70 ha
DKB00E 011680.25.79 ha0.25.79 ha
DKB00E 011310.76.20 ha0.76.20 ha
DKB00E 011990.21.63 ha0.21.63 ha
OTW02D 024320.02.04 ha0.02.04 ha
MKG00G 012190.34.24 ha0.34.24 ha
DKB00E 011280.22.20 ha0.22.20 ha
DKB00E 011910.16.70 ha0.16.70 ha
DKB00F 005440.11.43 ha0.11.43 ha
DKB00E 011700.33.85 ha0.33.85 ha
Bovenaanzicht van de aangeboden percelen.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat it perseel Donkerbroek E 1131 fysyk ûnderdiel útmakket fan it neistlizzende perseel fan koper en mei-inoar mei dit perseel troch koper as eveneminteterrein foar it doarp Donkerbroek brûkt wurde sil. It maatskiplik belang, de sosjale koheezje en kultuer binnen it doarp Donkerbroek, slút oan by de bredere doelstellingen fan de provinsje op it mêd fan leefberens yn plattelânsgebieten.

De ôfspraak ta ferkeap fan de grûn makket diel út fan maatwurk ôfspraken mei keaper. Troch dizze ferkeap kin effisjinter útfiering jûn wurde oan behear en ûnderhâld oan de dyk en it grien. Hjirtroch hat de provinsje Fryslân noch in oanfoljende reden en belang om mei keaper in oerienkomst te sluten.

It is hjir te rêden om in transaksje tusken oerheden ûnderinoar. Dizze ferkeap past binnen it provinsjale belied om oerstallige grûn, net (mear) nedich foar de útfiering van provinsjale taken of foar de ynset foar oare provinsjale doelen, yn earste ynstânsje oan te bieden oan ko-oerheden (weryndielings proseduere). Yn dit ramt sil de grûn (ynfra, grien en evenemententerrein) levere wurde oan de gemeente Ooststellingwerf.

De provinsje hat foar de útspraak fan ’e Hege Rie mei de keaper oerienstemming berikt oer de ferkeap van de oanbelangjende grûn. It feit dat dy oerienstemming op dit stuit noch net fia de keapoerienkomst  útfierd is, docht neat ôf oan ’e oerienstemming dy’t berikt is. De Provinsje Fryslân is fan betinken dat de algemiene begjinsels fan behoarlik bestjoer ek meibringe dat in betroubere oerheid him oan de ôfspraken dy’t makke binne heart  te hâlden, om misbrûk fan it fertrouwensbegjinsel foar te kommen.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(03-05-2025) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

Frou H. Terpstra, berikber op 058 - 292 58 60 of h.terpstra@fryslan.frl