16 sollisitanten foar boargemasterspost It Amelân
16 persoanen meitsje gading nei it boargemastersamt fan It Amelân: tsien manlju en seis froulju. Fjouwer binne âlder dan 60 jier, seis tusken de 50 en 60 jier, fjouwer tusken de 40 en 50 jier, ien is tusken de 30 en 40 jier en ien tusken de 20 en 30 jier âld. At de proseduere neffens planning ferrint sil de nije Kroanbeneamde boargemaster begjin novimber fan dit jier ynstallearre wurde.
Fjouwer kandidaten binne binne lid fan de VVD, trije fan de ChristenUnie, trije fan in lokale partij en ien fan PRO. De fiif oaren binne net lid fan in politike partij.
Op it stuit is Tytsy Willemsma waarnimmend boargemaster fan it Amelân. Sy folge op 29 septimber 2025 tydlik Leo Pieter Stoel op dy’t boargemaster waard fan gemeente De Fryske Marren.
Kommissaris fan de Kening Brok hat mei de fertrouwenskommisje fan de gemeenteried fan it Amelân de sollisitanten besprutsen. De kommisje hat alle brieven lêzen. Yn goed oerlis is mienskiplik in seleksje makke. De kommisje praat mei de selektearre kandidaten en bringt ferslach út oan de gemeenteried mei in konsept-oanbefelling.
De ried beslút úteinlik hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme te stean en yn hokker folchoarder. De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes folget yn har foardracht oan de Kroan yn begjinsel de oanbefelling fan de ried. De Kroan beneamt dêrnei de nije boargemaster per Keninklik Beslút.