11047 ferhier ûndergrûn steger en wetter yn de Terhernster Puollen yn Terherne
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan de ûndergrûn fan in steger en wetter by de steger yn en oan de Terhernster Puollen, grinzjend oan it perseel kadastraal bekend gemeente Terhorne, seksje A, nûmer 3372, sa't hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| THN00A 03412 | 54.87.26 ha | 0.00.54 ha | 54.86.72 ha |
| THN00A 03412 | 54.87.26 ha | 0.00.77 ha | 54.86.49 ha |
| THN00A 03412 | 54.87.26 ha | 0.00.42 ha | 54.86.84 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is, omdat de ûndergrûn fan de steger en it wetter by de steger yn provinsjaal wetter leit en grinzget (allinnich) oan it perseel fan hierder. De hierder wol de ûndergrûn fan de steger ynsette foar it gebrûk fan de besteande steger. Dêrneist wol hierder it wetter by de steger eventueel brûke foar it oanlizzen fan in eigen boat.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar de ferhier fan de oanbelangjende ûndergrûn/wetter.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante fan 14 novimber 2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
Frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of a.atsma@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl.