10964 ferhier ûndergrûn/wetter by steger yn de Nije Swemmer te Westergeast

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan de ûndergrûn fan in steger en wetter by de steger yn de Nije Swemmer, grinzjend oan it perseel pleatselik bekend Bumawei 23 te Westergeast, kadastraal bekend gemeente Westergeest, seksje B, nûmer 3082, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
WTG01H 000273.40.80 ha0.00.10 ha3.40.70 ha
WTG01H 000273.40.80 ha0.00.22 ha3.40.58 ha
Schematisch bovenaanzicht van het perceel

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.

De ûndergrûn fan de steger en it wetter by de steger leit yn provinsjaal wetter en grinzet inkeld en allinnich oan it perseel van hierder. De hierder wol de ûndergrûn fan de steger ynsette foar it gebrûk fan de besteande steger. Dêrneist wol hierder it wetter by de steger mooglik ynsette foar it oanlizzen fan in eigen boat.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar de ferhier fan de oanbelangjende ûndergrûn fan- en wetter by de steger.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante fan 04-07-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: Frou A. Atsma, berikber op 058-292 5166 of a.atsma@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl.