10914 ferhier lisplak wenskip yn de Sleattemar Gat te Sleat

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan in lisplak (wetter/ûndergrûn) foar in wenskip, dat leit yn it Sleattemar Gat te Sleat, ta hichte fan it perseel kadastraal bekend gemeente Sloten, seksje A, nûmer 779, sa't hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
STN03A 003981.32.51 ha0.01.20 ha1.31.31 ha
Schematisch bovenaanzicht van het perceel

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.

De ûndergrûn fan- en it wetter by it lisplak leit yn provinsjaal wetter en it wenskip is yn eigendom fan hierder. De hierder wol it lisplak ynsette foar it gebrûk fan it wenskip. Foar dizze lokaasje is in fergunning ferplichte.

De provinsje is koart fan betinken dat de hierder de iennichste serieuze gadingmakker is foar it hieren fan oanbelangjende ûndergrûn/wetter.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (Ljouwerter Krante 27-06-2026) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

Frou A. Atsma, berikber op 058-292 5166 of a.atsma@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl